Algemeen

Column Etie Pasma: Alde Sije (30)

By it middeis iten murken âlde Sije syn sealmaten de feroaring op. Hy wie net mear  somber, mar prate mei oer de gewoane dingen fan it libben, sa as it waar. 

‘Boskma, bêste man, jo binne oars as niis, wolle jo ús miskien wat fertelle?’ frege Pyt.  ‘Jawis wol. It is sa, myn soan frege niis wat ik der fan fine soe om net yn in ferpleechhûs mar by harren thús fierder op te knappen! No, dat is geweldich fansels. It is noch net allegearre yn kannen en kruken, mar se binne der mei dwaande en it sil wol klear komme tink en hoopje ik.’  En no wie der in lokwinsk foar him fan syn trije sealmaten.

Op moandeitemoarn wie it, nei it moarnsbrochje, allegearre drokte op de manneseal. De iene wie noch oerstjoerder as de oare. Se stutsen mekoar oan, hellen de kasten leech, goaiden de hiele boel op bêd. Nei dat it einliks, nei in soad gedoch yn in tas siet, stie dy yn ‘e wei en waard er ûnder in bêd skopt. 

Alde Sije dy it, fanôf syn stoel, by de tafel beseach sei: ‘Wat binne jim oaremus, it liket hjir wol in Poalske lândei. Doch net sa healwiis. Mar ik wol hjir graach wei,  kin ien fan jim my miskien nei myn bêd bringe? It is noch net iens acht oere en jou ik my noch efkes del!’ 

De mannen seagen nei him, ien brocht him nei it bêd en doe de âld man dêr lei sei er: ‘Jim koenen ek mar better efkes lizzen gean, ynpleats fan sa om te fleanen. Aanst krije jim in lêste ûndersyk en dan is jim hert miskien hielendal oerstjoer en meie jim net nei hûs. Tink dêr mar ris oer nei, sels witte, mar it is in goeie rie!’ 

It wienen wiize wurden fan de âld man en doe er dy sein hie draaide er him om en die de eagen ticht.  Wat er op seal fierder barde seach er net, mar it waard stil en hy hearde hjir en dêr in bêd kreakjen! 

Nei in wol wat emosjoniel ôfskie, fan syn keamermaten, lei âlde Sije dy middei yn it sikehûs allinnich op de grutte fjouwer persoans keamer en hy fûn it eins wol moai rêstich en hy foel yn ‘e sliep.  De dokter en de suster dy lâns kamen lieten him sliepe en gienen stil de seal wer út. Yn in oar keamerke oerleinen se wat der no fierder barre moast en se betochten om earst mar efkes kontakt te sykjen mei Boskma syn soan dan koe dy it de jûns mei syn heit beprate.

Doe ‘t Pyt wer “thús” kaam, yn de karavan, hie er syn nocht en gie op bêd. Dêr betocht er dat er nei hûs woe. Elske fûn him efkes letter yn ‘e sliep, liet him lizze, mar om seis oere helle se him op en sei dat se ite moasten.  It knipperke hie Pyt goed dien en hy woe ûnder iten mar mei harren prate oer hoe no fierder. 

Der kaam in plan en op tiisdei nei it moarnsbrôchje, pakten de froulju alles yn en laden dat yn Eelkje har auto. Sy soe harren mei har auto nei Amsterdam bringe, want Pyt koe en mocht noch net riede en it ein wie Elske te fier. De froulju makken de boel skjin, brochten de kaai nei de beheerder en doe rieden se dy kant út. Oankommen yn Amsterdam gie Pyt, nei in flaubyt, earst wer op bêd. Hy fielde dat er in bêste klap hân hie fan de hertoanfal en dat murk er foaral no er wer wat yn de baan wie. Hy wie fan plan om him oan it advys fan de dokter te hâlden, dy sein hie, dat er it foaral rêstich oan dwaan moast. Want hy hie echt gjin ferlet om dit wer mei te meitsjen! 

It lei noflik yn syn eigen bêd en hy foel dan ek al rillegau yn ‘e sliep λ

Etie Pasma - Stiens 2025 (30)

It hiele ferhaal fan âlde Sije is te lêzen yn dit boekje, dat te bestellen is op tillefoan nûmer 

06-13783818