Algemeen

Column Etie Pasma - Alde Sije (9)

Elske gie neist de sjauffeur sitten en harke nei wat de broeder tsjin Pyt sei en, wûnder boppe wûnder, sa no en dan sei er wer wat werom. Dat soe fêst in goed teken, tocht se. Wylst se dêr sa yn dy sêft hobbelende sikeauto siet fielde se har yniens sa wurch. No wie DAT gjin wûnder fansels, tocht se, want sy hie ommers de hiele nacht hast yn ‘e baan west en hiel wat meimakke. 

Se wie bliid dat de soarch foar Pyt har no út hannen nommen wie. Sûnder dat se der erch yn hie wienen se al by it sikehûs oankommen. De beide mannen hellen de brankaar út de auto, rieden dy nei binnen en sy rûn mei. Se brochten him nei in ûndersyk keamerke en sy gie mei. Mar dêr waard se, mei sêfte twang, troch in suster nei de gong brocht. Dy frege as se ek in bakje kofje ha woe en dat woe se wol. Al rillegau kaam sy werom mei de kofje en frege nei de sikefûns papieren, medisinen en hoe it gien wie fannacht. Elske fertelde dat Pyt pine op de boarst hie en der hinne foel en oer it trelit op de kamping en oer de jongens dy har holpen hienen mei de reanimaazje. De suster harke, makke notysjes en gie wer. In skoftke letter kaam se werom mei in dokter. Dy sei dat de tastân fan Pyt no stabiel wie, mar dat er wol nei de IC, in bewaakte ôfdieling, moast want as der wat barde, koenen se drekst helpe. Elske knikte en sei: ‘Bedankt dokter, mar moat ik hjir ek bliuwe?’ De suster seach dat se wurch wie, wist dat se nei de kamping moast en sei dat se wol yn it sikehûs sliepe mocht yn in keamerke ticht by har man. Dêr wie Elske bliid om want se wist net hoe se wer op ‘e kamping komme moast. De bussen rieden ommers noch net! Ienkear op bêd foel se as in blok yn ‘e sliep.

Op de kamping seagen de beheerder en de beide jongens de sikeauto nei. Bewenners, fan oare fjildsjes kamen dêr op ôf. Sy wienen wekker wurden fan de drokte en woenen witte wat der bard wie. De beide jongens fertelden hoe se skrokken wienen doe de frou by harren op de doar fan de karavan bûnze, mar dat se holpen hienen om de man te reanimearjen. Nei noch wat gepraat, oer en wer, socht elk syn eigen stekje op en waard it wer rêstich op de kamping. Doch brânde der noch lang ljocht yn de lytse karavan, mar dat wie wol te begripen as je soks bysûnders meimakke hienen!

Haadstik 5.

De dei wie noch mar krekt oan de loft of Sije stie al by it bêd fan syn âlders. Se waarden wekker fan him. Styntsje sloech de tekens omheech en sei: ‘Kom der mar by.’ Hy fielde him dêr eins te grut foar, mar stapte doch mar yn. Dêr begûn er drekst te praten, mar dat wie syn heit te gau. ‘No noch gjin gepraat hear, ik wol my noch efkes deljaan. 7 oere geane we dêr ôf en dan belje wy nei it sikehûs hoe it mei pake is!’ Dat wie Sije syn bedoeling net, hy sei dan ek: ‘Dan gean ik nei myn eigen bêd, om wat te lêzen of sa!’ Dat wie har wol goed.  Styntsje draaide har om, mar Jelke hold har tsjin en luts har nei him ta. Se wist wat de bedoeling wie en sei: ‘Sjoch jonge ik wol my krekt as dy ek noch efkes deljaan, dus dit haldst te goede!’  ‘Okay!’ bromde er en draaide him om.  Om klokslach 7 oere stie Sije wer neist har bêd. Styntsje gie mei him nei ûnderen, om te beljen en Jelke gie him waskjen en oanklaaien, want hy moast om 8 oere op it wurk wêze!

De berichten út it sikehûs wienen net sa min. Boskma hie in kalme nacht hân, sei de suster, en ek sa no en dan al antwurde as se him wat fregen. Hy krige drekst iten en dan soenen se him waskje. Dêrnei moast er earst bekomme, mar se mochten om tsien oere hinne wol efkes by him sjen.  Dat wie in moai bericht en lytse Sije fleach nei boppen om syn heit it goeie nijs te fertellen. Under it brea iten waard ôfpraat ôfpraat dat Styntsje en lytse Sije aanst earst nei pake soenen en Jelke soe op it wurk regelje dat hy middeis vrij hie sadat se dan nei pake syn hûs koenen om de katten te fersoargjen en foar de finger ôfdrukken. Dêrnei gienen se dan mei har trijen nei pake yn it sikehûs. Sa sette Jelke nei it wurk en skille Styntsje om acht oere nei Sije syn skoalle yn Ljouwert. Dêr skrokken se bot fan dit rare nijs en hienen der begrip foar dat er hjoed thúsbleau.Se winsken harren sterkte en foaral ek betterskip foar Sije syn pake.

Etie Pasma Stiens 9-2023