Algemeen

Column: Fakânsje fiere

De skoallefakânsjes binne begûn en no hoopje ik mar dat dit in tiid wurdt fan moai waar en lange dagen. Wat dy lange dagen oan giet, dan sitte we wol goed yn dizze tiid fan it jier, mar wat foar waar we hjir krije dat is altyd ôfwachtsjen. Mar krekt it waar is sa wichtich! No libje we yn in rare tiid en troch it firus sille net folle minsken al betiid in fakânsjeplakje regelle ha. Dêrom kin it wolris in toer wurde om hjir noch wat te finen en sil men miskien nei it bûtenlân wolle.

Wy gienen eartiids, foaral om it waar, nei it bûtenlân en ien fan dy lânnen wie Frankryk.

No ha ik it dus oer de tiid dat ús bern noch yn ‘e hûs wienen, sis mar goed tritich jier ferlyn. Nachts tussen twa en trije oere gienen we fuort, de trije bern kamen, noch heal yn ‘e sûs, efter yn de auto en ombeurten riden we dy kant út. It doel wie om tsien oere hinne foarby Parys te wêzen. Oant sa lang stoppen we allinnich as der ien hege need hie en as Wil en ik fan plak wisselden. Wy wienen dan sawat op ‘e helft, de bern wienen dan al aardig wekker en eh..... no ja..., we makken dêrom de pauze’s wat langer en stutsen hjir en dêr oan. Meastal wienen we om fiif oere hinne te plak en koe it fakânsje fieren begjinne.

Wat dêr it measte argewaasje joech wie de taal.

Myn Frâns wie net sa bêst, mar mei de gewoane lytse wurden fan goeie, ja, nee, dankewol en sa en mei myn hannen, it skodzjen of knikken fan myn holle, kaam ik folle fierder as ús bern dy moaie sifers hellen op de middelbere skoalle foar dat fak. Gelokkich koe Wil him der, troch syn wurk, wol goed mei rêde, dus we kamen der altyd wol út. No ha wy de lêste tiid net mear nei Frankrijk west en ik wit dan ek net of de minsken dêr al wat feroare binne, mar yn dy tiid wie de frou dêr noch net echt yn tel. Der wie ris in braderie yn it doarp wêr ús húske stie en dêr gienen wy efkes hinne. Op dy merke wienen der ek diskes mei wyn fan wynboeren út de omjouwing. No hâlde wy wol fan in goed glês wyn, dus by dy kreamkes bleanen we stean. De bern hienen wat Frânske Franken krigen en strúnden yntusken wat om by it snobbersguod en de ijsko’s.

By it earste diske krige Wil in lyts glêske wyn oanbean, mar ik net en by it twadde ek net!

Doe hie ik myn nocht en sei tsjin Wil: ‘Is dat priuwen hjir allinnich foar de mannen?’

No is hy wol aardich tûk, snapte wat ik bedoelde en sei: ‘ Wachtsje mar!’

By it tredde kreamke gie it wer krekt sa, mar nei ‘t Wil in glêske krigen hie, joech er it oan my en seach wer nei de man efter it kreamke. De man seach mâl, fûn him in ûnferstân, mar tape noch ien en joech dy wer oan Wil.

Tegearre stutsen we it glêske omheech, nei mekoar en nei de man, priuwden, laken en knikten him ta as teken dat it mar goed smakke. De man koe der net om laitsje, mar in soer knikje koe der noch krekt ôf, mar dêr hold it mei op. Eins moasten je de wyn wer útspuie mar as it goed smakke dienen wy dat net.

Jo tinke miskien dat wy dêr dronken wei kamen mar dat wie sa net hear want der siet net mear as in naairing fol yn it bekerke. Noch in pear kear gie it sa en ik tink dat wy dêr de minsken fan de wynkreamkes wol op it idee bracht ha dat froulju ek wyn drinke en dat sy miskien ek wol wat keapje wolle. Foardat we nei hûs gienen ha we noch in flesse wyn kocht sa dat we dy jûns ek noch efkes priuwe koenen.

Graach mochten we dêr wol wat besjen en omdat yn elk doarp wol in tsjerke wie, besochten we dy. Ús jongste wist dat en doe we ris yn de omgeving omrieden , rôp er fan ôf de efterbank: ‘ Sjoch mem in tsjerke!’ Fan syn sus en broer krige er in stomp en in opmerking fan: ‘Stil, we ha genôch tsjerke besjoen!’

In oare kear makken we mei in bus in ekskurzje, wêr we ek in wynbuorkerij besjen koenen.

Dêr hienen se in master priuwer, in âlde man dy ús ynskonk en sels ek alle kearen ien naam. Fansels wist de man, dy op it etiket fan de flesse stie, dat er de wyn útspuie moast, mar hy die dat net en wie dan ek sa dronken as wat.

Wylst ik mei dizze column oan it skriuwen wie stuts it Corona firus hjir yniens de kop wer op en wienen der wer nije beperkingen, dus is it mar ôfwachtsjen hoe de fakânsjes ferrinne sille en as it reizgjen nei it bûtenlân wol troch gean kin.

 

Hoe it allegearre ek komme mei ik hoopje dat jo, fier fuort of krekt as wy efterhûs yn ‘e tún, dizze fakânsje wol fiere sille mei lange dagen en moai sinneskyn waar.

Miskien nimme jo der dan sa no en dan, krekt as wy op ‘e foto, in glêske wyn en in boek of puzzelboekje by, want dat is foar ús ek fakânsje fieren!

En dêrnei allegearre graach wer oantsjen

Etie Pasma, Hijum 6-2021