Algemeen

Column: Hein en Fokje

Op ’t stuit sit ik faak efter myn pc om nei te gean hokker minsken op de hierpleats fan de polder, dêr’t ik berne bin, wenne ha. In pleats dy’t yn 1856 boud is en sân ferskate bewenners hân hat foar dat ús âldelju yn 1935 op de pleats by de Damslûs kamen te wenjen. 

By Tresoar op “Alle Friezen” en yn de âlde kranten is tsjintwurdich in protte werom te finen. Mar net alles. Want as ik fotomateriaal ha wol, sil ik by it neiteam wêze moatte. Mar foar dat ik safier bin, haw ik earst al myn eigen fotomateriaal troch spit. Sa  kaam ik ek in foto tsjin fan Hein en Fokje, ús neiste buorlju oan de Polderdyk. In foto út 1935, it jier dat ús heit en mem der kamen te wenjen. Hein in man mei grutte ferhalen wêryn ek in protte fantasij siet en Fokje in ynleave frou dy’t altyd efter him stie.  Hein en Fokje wennen yn in lyts spultsje yn de bedelte fan de Polderdyk, sa’n hûndert meter besiden de Damslûs. It spultsje hie plak foar twa melke kij en in hokkeling. In baarch, in  keal en in keppeltsje hinnen húsmannen yn in hok dat efter tsjin de sleat oanstie. Hein wie in natuerminske. Hy koe genietsje fan de natuer, mar makke ek gebrûk fan de natuer. Hy koe omraak mollefange, hazzen strikje, murdejeie en foaral stikem fiskje. Dêrtroch wie hy ek wol gauris by nacht op paad.   Hja hawwe oan de Polderdyk wenne fan harren trouwen yn 1911 oant harren dea yn 1968, wêrtroch sy fiif ferskate húshâldings op de Damslûs meimakke ha en ik harren dêrom ek mar meinaam ha yn myn ûndersyk nei de histoarje fan de Damslûs. Wat foto’s oanbelange foel it dizze kear ta, ek al om’t ik al kontakt hân hie mei harren pake- en beppesizzers.

Doe’t ik Hein van der Vliet syn namme ynfolle by Alle Friezen kaam der in lange rigel Hein van der Vlieten op it skerm. Dat se op 12 maaie 1911 troud wienen en dat harren ienichste dochter 13 augustus 1911 berne is wist ik wol. Doe’t sy trouden wie Hein yn tsjinst. Hy moast yn 1908 opkomme en wie op ’t lêst Grenadier by de Keninginne. Yn 1916 hat hy grut ferlof krigen. Dat koe ik allegear by Tresoar fine. Mar dat der yn 1911 noch gjin hûs oan de Polderdyk stie, wist ik net. Tresoar fertelt my wol dat Hein yn 1913 lân kocht hat oan de Polderdyk. Yn 1914 wurdt der noch in stikje lân kocht, mar der is noch gjin hûs. Freonen fan my dy’t mear yn dat wurk sitte hawwe harren holle der ek al oer brutsen en kamen der efter dat Hein yn 1918 in hûs bouwe liet en yn 1921 in hypoteek ôfsluten hat. Ik bin der op it eintsje fan beslút mar fan út gien dat Hein en Fokje fan 1911 oant 1918 yn in karavan wenne ha.  Mar ek by Tresoar kaam ik der efter dat Hein ek noch wolris stout west hie. Want op 30 maart 1905 waard hy mei trije maten feroardiele ta in finzenis straf fan fjirtjin dagen fanwege “Huisvredebreuk en vernieling”.  Op 1 febrewaris 1933 moat Hein wer foar de rjochtbank ferskine. Doe waard hy feroardiele ta ƒ3.00 as trije dagen sitte foar “Mishandeling”. Hein sil wol ien in pak op ’e bealch jûn ha. Hein kennende wit ik wol seker dat hy trije dagen op wetter en brea libbe hat, want ƒ3.00 wie foar dy tiid in protte jild. It efterlitten fan Hein en Fokje wie foar ús it slimste, doe’t ik mei ús âldelju yn 1966 fan de Damslûs ôf nei Terwispel ferhuze. Minsken dêr’t se ienentritich jier mei in protte nocht neist wenne hienen.  Buorlju wêrmei jierrenlang alle dagen de krante wiksele waard en wêrtroch de Hepkema by harren en de Waarheid by ús yn it huske telâne kaam.   Ein 1967 is Hein stoarn en in jier letter Fokje. It ein fan in pear markante minsken. Gewoane minsken?, Nee, hiele bysûndere minsken. Mar dêr bin ik letter pas efter kaam

hfdp@kpnmail.nl