Algemeen

Doe’t de minsken oankamen en de frou út ’e auto stapte, koe it net misse, as dizze minsken kamen fan ’e oare kante fan ’e ôfslútdyk wei. 

de frou op ús ta en bearde hoe moai Fryslân wol net wie. Wy wisten dat wol, mar sy hienen hjir skynber noch nea, as mar in inkele kear west. De man wie ûnderwilens drok dwaande om  mei help fan de “mover” de karavan del te setten sa’t sy dat ha woe. It gie har skynber net hurd genôch, want ynienen skuorde se him de ôfstânsbetsjinning út ’e hannen en gie dêr mei fierder. En ik moat sizze, ek noch frij rap.Wylst wy fan út ús simmerstoel dat iepenloftspul oanseagen, sei de frou tsjin my: “Wel handig zo’n “mover. Heeft u er ook één?” “Jawis”, sei ik der fuortdaliks oerhinne, “Dy sit hjir neist my oan in bakje tee”. Se seach my efkes oan en sei doe: “Och, die heb je bij zo’n kleine caravan ook niet nodig”.  

Sjoch, doe hie ik har al sketten. Lit op ús karavan dan 390 stean, op har karavan stie 420, wat ek mar justjes langer is. Mei oare wurden hja ferbeelde har nochal wat. Se hienen op hânkrêft de karavan ek wol teplak krije kind, ek al om’t sy der noch wol monter útseagen foar harren leeftiid.Mefrou dielde de lekkens út en har slûchslimme man, wêr’t se tink allinne mar mei troud wie om’t dy in soad sinten om hannen hie, toffele der wat efteroan. Dat sil ek de reden wol west hawwe om in mover oan te skaffen.

 

Ik moat earlik tajaan, it wie de tûkste ek net. Hy die dan wolris wat, sa as it opteartafeltsje út ’e  karavan helje. Mar doe’t it tafeltsje útteart wurde moast, bruts it swit him út. Hy toarke der mar wat omhinne en hie al ris oan de poaten lutsen, mar fierder is hy ek net kaam. Sy wol, sy seach it efkes oan en yn in sucht en in skeet hie sy it foarinoar. No ja, de iene poat wie wol wat langer dan de oare, mar dan bleau it wetter der ek net op stean. Dat moasten jo har tajaan, lit it in bazich wiif wêze, mar sy wie net te beroerd om wat te dwaan. Se hawwe in wike tsjinoer ús stien en yn dy wike hie sy de broek oan. De hiele wike hat se wat op de man omeamele, sûnder dat de man in ferkeard wurd werom sei. 

Nei dy wike makken se oanstalten om de boel wer yn te pakken. Ik seach dat mefrou fuortdaliks de ôfstânsbetsjinning al yn’e bûse stoppe hie, om in protte argewaasje foar te kommen. Ek har man wie wakker oan it ynpakken en it slagge him om it measte yn ’e karavan op syn plak te krijen. It iennichste dat noch stean bleaun wie it opteartaffeltsje. Hy hat it fan it stee helle en is der in pear kear omhinne rûn. Fierders hat hy der neat oan dien, want foar hy der erch yn hie kaam sy op hege fuotten oansetten en foetere, dat it in “fluitje van een cent” wie. Mar spitich foar har, koe sy it ek net oprêde om it taffeltsje op te tearen. It wie har eare tenei, mar úteinlik is it taffeltsje mei twa poaten omheech de karavan ynskoot. Sûnder fierders in wurd tsjin mekoar te sizzen hawwe se de karavan efter de auto heakke en binne, nei dat we harren in goeie reis winske hienen, wer rjochting ôfslútdyk riden. Ek no hawwe wy wer genoaten fan harren iepenloftspul. Fan út de simmerstoel, tegearre, myn “mover” en ik.