Algemeen

Wy wienen lêst earne op besite doe in frou, dy in column fan my lêzen hie, tsjin my sei: ‘Wat witst sto noch in soad út it ferline, do kinst seker goed ûnthâlde.’ 

 

No ja, dat tink ik wol, mar it is net sa dat soks my altyd yn ‘e holle sit. It is mear dat it je wer yn it sin komt as dy dingen yn it nijs binne!  Sa seinen se lêst op de tillevyzje, dat der dit jier wol in hiele soad wespen binne en doe kaam it my yn ‘t sin dat wy, hjir yn Hijum, ek wol wat belibbe ha mei wespen en dêrom giet dizze column oer wespen.

Yn 1975 ferhúzen twa fan myn broers nei Dútslân om dêr in buorkerij te begjinnen, myn âldste broer naam hjir de buorkerij oer en heit, mem en tante ferhúzen nei in oar hûs yn Hijum. In jier as wat letter hienen sy dêr in wespennest. Heit en tante, dy beide net goed sjen koenen, dienen gewoan wat wy ek dogge as der in mich op ús earm sitten giet, se besochten him plat te slaan. Mar sy seagen net dat it in wesp wie en krigen in beste stek.  

Dêr moast wat oan dien wurde fansels dus hellen we de gemeente der by. Dat slagge lykwols net yn ien kear dus kamen se noch in kear.

It moast wol in grut folk west ha, tochten wy, omdat se der net yn ien kear ôf wienen.

Dat wie ek sa, want doe ús soan dat hûs yn 2002 kocht en de boel ferbouwde kaam it âlde nêst foar it ljocht en dat wie wol sa grut, it wie mear as in meter yn it fjouwer kant. 

Us soan hat belle mei it natoermuseum, mar dêr hienen se der gjin belang by, want foar harren wie it mar in lytsenien en net ynteressant en sa is dat nêst yn de ôffalbak bedarre.

Sels ha we hjir, in pear jier ferlyn, ris in lytse soart wespen hân yn ien fan ús fûgelhokjes. Alhoewol de fûgeltsjes, by in reinbui, dêr doe net yn skûlje koenen hienen wy dêr net folle lêst fan. Allinnich as Wil der lâns rûn, as er oan it meanen wie, kamen se him wolris efternei. Dy hjerst, doe it folkje fuort wie, ha we it hokje skjin makke en der wat mos yndien sa dat de fûgeltsjes dy winter dêr wer yn skûlje koenen. 

In oar gefal mei wespen dat wie goed tritich jier ferlyn. Yn dy tiid hienen wy eins eltse maitiid yn ‘e tsjerke, boppe op ‘e kreake, in wesp. Wy tochten dat it in keninginne wie, want it wie in gruttenien, dy dêr oerwintere hie en no in plak socht foar in nij nêst. 

Jo kinne je foarstelle dat wy, as wy dêr sneins sieten te spyljen, beslist gjin ferlet hienen fan in wesp dy om je hinne fleach. As je gelok hienen dan seagen je it bist foar de tsjinst en koenen je besykje om it in mep te ferkeapjen, mar dat wie net altyd sa. 

Op in kear kaam der ien by Wil doe dûmny oan it wurd wie en dy hat hy doe, tusken de boeken, plat slein. Dat wie goed te hearren yn tsjerke en de dûmny wie dan ek efkes stil, seach nei boppen mar gie, doe der fierder neat barde, gewoan wer troch!

Sels ha ik it ek ris meimakke, mar dat gie in stik minder!

Wy hienen foar de gewoante dat we by mekoar sieten as ien fan ús spylje moast. Dat wie wol sa maklik want soms barde der wat yn de tsjinst, wat je efter it oargel net sjen koenen en dan wie it moai as, dejinge dy neist it oargel siet, efkes sizze koe dat je ophâlde moasten fan spyljen of dat der noch in fer-ske kaam as je begelyks de tel kwyt wienen. 

Yn dy tiid wienen broeken yn de moade mei hiele wiide boksen. Sa ‘n ien hie ik ek oan en dy sleepte in bytsje oer de grûn. Dy kear siet ik ek wer op myn plakje neist it oargel en doe de preek begûn gie Wil by my sitten. 

Ûnder de preek fielde ik yniens wat op de efterkant fan myn foet en, sa as elk dat dwaan soe, fielde ik mei myn hân op dat plak. Drekst krige ik in stek. Dêr skrok ik fan, gie stean en doe rûgele der in wesp út myn bokse. Wil seach dat en trape him plat sa dat er ús gjin lêst wer besoargje koe. 

It bist hie miskien op de grûn sitten en wie, doe ik dêr lâns rûn by myn bokse ynkrûpt. 

Omdat ik stutsen wie op in plak wêr ik sels net by koe lei ik, wylst ik noch stie, myn foet op de stoel en sei tsjin Wil: ‘Sûch it efkes út je!’  

Hy gie foaroer sitten en die wat ik frege.

De dûmny hie wol sjoen dat der by ús op ‘e kreake wat oan ‘e hân wie en dat stoarde him. Hy hold dan ek op fan preekjen, seach net al sa fleurich nei boppen en frege mei in frijwat lulke stim: ‘Wat doen jullie daar?’

We ha mar wat mei de holle skodde en gelokkich gie er doe wer fierder mei syn preek.

Nei de tsjinst ha we him de situaasje útlein en de wesp sjen litten, dy Wil mei nei ûnderen nommen hie, en doe koe er gelokkich ús aksje wol begripe!

 

Etie Pasma, Hijum 2022