Algemeen
Column HvdP: Fierwei famylje
In wike as wat ferlyn hawwe wy wer in neven en nichtedei hân fan Geartsje har memmes kant. It wie in ynpaste famyljedei om’t in nicht fan Geartsje mei de man oerkaam wienen. Mr en Mrs Alan and Suzanne Tinkler-Wiering út Bribie Island, in eilân oan de súdeast kant fan Australie net fier fan Brisbane ôf.
Suzanne is in dochter fan Geartsje har omke Jan Wiering. Omke Jan, dy’t hjir al it nedige meimakke hie nei’t syn mem jong stoarn wie, is yn 1952 as de iene helte fan in ferloofd stel emigrearre nei Nij Seelân. De oare helte soe letter komme. Is ek bard, mar is net mei omke Jan troud. Omke Jan krige kunde oan in famke fan Ingelske komôf. Hy is mei har troud en se hawwe tegearre trije bern krigen. Mouike Joyce is in jier as wat ferlyn stoarn en omke Jan foarich jier. En om’t de technyk al safier is, koenen wy de begraffenis op’e televyzje folgje. It giet dêr ek al krektlyk as hjir. In praatsje fan hoe bêst as de man wol net wie en de nedige muzyk. Ek waard in nûmer hearre litten út omke Jan syn bertelân. Mar wer ik Ritske Numan mei pake syn klok ferwachte hie, hearden wy Olga Lowina mei in jodelferske. No wie de middelste fan de trije bern dy’t yn Australie wenje mei de man op rûnreis troch Europa en fansels hearde Fryslân der ek by. By in nicht op’e Jouwer waard it feest holden. Ik moat sizze dat it tige slagge is en it ûntbruts oan neat. Foar my, dy’t graach prate mei en ek tige nijsgjirrich is, wie de Ingelske taal in barriêre. En om’t harren Dutch like min wie as myn Ingelsk moast de famylje ferskate kearen byspringe om it fan beide kanten begryplik te meitsjen. Al mei al hawwe wy in gesellige middei hân en foar wy wer op hûs oan gienen hawwe wy ôfskie nommen fan Suzanne en Allen, dy’t fierder gienen mei harren rûnreis. Bûten de kontakten op fb sille wy harren miskien wol net wer in hân jaan kinne.
Foarige wike hawwe Geartsje en ik nei it Teehûs yn Grou west om kofje te drinken mei Joop en Heine. Hja binne de twa âldste bern fan myn broer Chris dy’t yn 1982 troch in ûngemak om it libben kaam is doe’t sy noch fan dy opslûpen jonges wienen. Joop, dy’t yn Grou wennet, koe fan út syn hûs wei wol hinkel-jend by it teehûs komme, sûnder wurch te wurden mar Heine moast earst 24 oeren yn it fleantúch sitte om fia Amsterdam by it teehûs te kommen. Foar harren wie dat mar in hoannestap, sis mar dat it foar harren krekt-en-gelyk wie as dat wy ien kear yn it jier mei de bus nei Appelskea gienen. It ferstjerren fan harren heit hat grutte ynfloed hân op it fierdere libben fan de jonges. Joop krige letter fêstichheid ûnder de fuotten, mar de beide oare jonges koenen harren plakje mar min fine. Hja krigen te meitsjen mei plus- en minpuntsjes. Heine like hjir te slagjen troch in eigen bedriuw te begjinnen. Mar nei wat minpuntsjes gie dat mis. Goed tweintich jier ferlyn is hy mei in nije leafde foar in jier nei Australie gien. Dat foldie sa goed, dat doe’t sy wer thús wienen, troud binne en fuortendaliks wer nei Australie werom gienen. En dan ek foargoed.
Mar krektlyk as Geartsje har omke Jan net by syn grutte leafde bleaun is, is Heine ek net by syn leafde bleaun, mar is mei in jonge frou fan Poolske komôf fierder gien. Mr and Mrs Heine and Gosia Liemburg-Smetek út Hernehill, net fier by Perth wei oan de súdwest kant fan Australie. 3600 kilometer himelsbreed fan ôf as dêr’t Geartsje har nicht wennet. Sis mar fan hjirwei Kreta foarby.
No wienen sy wer yn Fryslân en waarden wy útnûge om mei harren yn it Teehûs in kopke kofje te drinken. Ik koe no myn ferhaal wol kwyt en omraak nijsgjirrich wêze, sûnder dat ik in tolk nedich hie om my fersteanber te meitsjen. It wie tige gesellich en ek koe ik mei de jonges oer harren heit prate.
De kofje gie al gau oer op in jong slokje en it einige mei in broadsje kroket. Foar wy wer op hûs oangienen hawwe wy ôfskie nommen fan harren mei Heine syn wurden “oant in oare kear”. In pear dagen letter binne hy en syn “Poalske bruid” wer op it fleantúch stapt, rjochting Australie.
Op in manier as gienen hja mei de bus nei Appelskea
hfdp@kpnmail.nl
Laatst geplaatst
Agenda
-
Wo 5 november
-
Do 6 november
-
Vr 7 november
-
Za 8 november
-
Zo 9 november
-
Ma 10 november
-
Di 11 november
-
Wo 12 november