Algemeen

Column HvdP: Hokkieman

It wie al tsjin ’e jûn dat buorfrou fan plakje 3 op kamping De Tjasker it fjild op rinnen kaam mei in grutte skroevedraaier yn 'e hân. It die bliken dat sy troch har nije simmerstoel sakke wie om't in skroefke, dêr’t it moerke fan losrekke wie, samar ynienen neist de stoel op 'e grûn lei. 

Buorfrou Suzy  moat opteard yn har stoel sitten ha. Wy hawwe it net sjoen, mar ek har man Gert net, dy’t deun neist har siet mei de holle djip yn ’e Meppeler krante. Ja, doe’t sy rôp dat sy yn ûnmacht lei is hy efter de krante weikaam, om har út dizze benaude situaasje te befrijen. Nei’t hy har wer út ’e knoop helle hie is hy de krante wer yndûkt, har mei de stikkene stoel oan har lot oerlittend. Gert en Sus binne beide, sa't sy sels sizze, mei de twadde lêch dwaande. In moaie útspraak, hoewol ik tink dat doe't sy mekoar foar it earst troffen, sy beide de lêch al út hienen. 

Gert is yn Meppel berne en nei dat hy troud is, lâns in omwei yn de Achterhoek telâne kaam as gemeente-amtner yn sportsaken. In baan dy't troch it protte praatwurk presiis by him paste. Yn Meppel wie hy lid wurden fan de pleatslike hokkieklup. As it no de sport wie as it "vrouwlijk schoon" dat him dêr ta brocht, is my net dúdlik wurden, mar dat hy út de hokkiewrâld komt is dúdlik oan him te hearen. Hy kin der hûndert út oer prate en wat opfalt, hy praat der ek nei. Hy hat in hokkiestim. In bytsje op syn Wassenaars, mar dan mei in Meppeler aksint. 

By Gert en Sus is de fonk oerslein op in feestje fan de pleatslike hokkieklup út harren doarp, dêr't hja beide lid fan wienen. As dat bard is foar Gert syn ex al ex wie, as dat sy letter syn ex wurden is, litte we mar yn 't midden. By sportferienings komt soks faker foar. Sis mar: It (keunst)gers oan de oare kante fan de tried kin wolris griener wêze dan it (keunst)gers oan jo eigen kant. Gert stiet al 18 jier op plakje 3 op dizze kamping. Earst mei syn ex en doe in jier allinne om't syn ex, ex waard en no al wer in jier as tsien mei syn nije frou, dy't hy it kampearjen leart hat. Sy hie foarhinne allinne mar fakânsjes trochbrocht yn hotels yn waarme lannen en hie noch nea mei in karavan op stap west. Stânsferskil? Ik wit it net. It foel my wol op dat sy har deis faker as ien kear ferklaaide, wylst ik him allinne mar kin mei in blau sportbroekje en in wyt T-shirt. Harren karavan stiet mei de efterkant tsjin in beamwâl op it súd-westen. Net folle sinne, mar mei in súdwester stoarm altyd yn 'e lijte. Mei moai waar sykje sy de sinne op en sitte hja midden op it gersfjild, altyd stiif tsjinmekoar oan. Jûns sitte hja mei de rêch tsjin de karavan. Sy mei in boek, hy noch hieltyd mei de Meppeler krante. 

No siet hy yn syn simmerstoel te sjen hoe’t syn frou mei in grutte skroevedraaier har stoel wer yn 't fatsoen krije woe. Net efkes út 'e stoel weikomme om har te helpen! Nee allinne mar sizze hoe’t sy it dwaan moast. Wol witte dat der in pleister op moat, mar noch nea in fytsbân plakt, moast mar rekkenje. It begrutte my om har. Sy die har stjonkende bêst en hy kaam net út ’e stoel wei. Tegearre mei har haw ik de stoel wer yn it fatsoen krigen, wylst buorman noch yn de Meppeler krante siet. 

Letter op de jûn sieten sy tegearre wer as in pear toarteldowen stiif tsjinmekoar oan mei de rêch tsjin de karavan, op harren twa foar de priis fan ien stuollen. Sfearfol yn it ljocht fan in grut tal waksineljochtsjes en oare kleurde lampkes, as wie it in goktinte op ’e Stienser merke. Sy mei de holle yn in oar boekje, wylst hy noch hieltyd mei deselde Meppeler krante dwaande wie. In krante dêr’t gjin “ongelezen” letter mear yn stiet as hy de kontener yngiet. Sy mei har rjochterhân strieljend oer syn lofter earm. Leafde? Soe samar kinne. Mar doe’t ik him de oare moarns mei in skelk foar, in matsje tsjin de beam útslaan seach, wist ik fuortdaliks wa’t by harren thús de broek oan hat