Algemeen

Column HvdP: It brijbuske

Faak sjoch ik tsjintwurdich nei âlde foto’s dy’t ik op’e kompjûter stean ha. Ik bin noch lokkich dat ik in soad foto’s ha fan’e fyftiger jierren fan ús famylje en fan’e Damslûs en omjouwing. 

In slûs dy’t yn 1854 tagelyk mei myn bertehûs op de skieding fan Terwispel en Langsweagen boud is fanwege de ynpoldering fan it 6e en 7e feandistrikt. Hûndert jier letter wie hy net mear nedich en is dêrom yn 1957 wer ôfbrutsen. Lokkich hie myn âldste broer in fotokamera en hat der ferskate foto’s fan makke. 

Op ien fan dy foto’s stiet ús mem op it bjinstap in brijbuske te skrobjen mei wetter ut’e feart. En om’t der doe gjin “schuursponsjes” bestienen waard der ek noch wolris wat wyt sân brûkt om it buske oan de binnenkant skjin te krijen. In foto makke yn 1953 mei it Klidzerak op de foargrûn.  Lofts op de eftergrûn, neist de stikelhage, stiet in turfbult mei reid ôfdutsen. Alle jierren kaam der wer in pream fol mei nije turf, dy’t ús heit sels stutsen hie yn de Kraanlannen efter Beets. 

Yn it midden fan de bult wie plak foar de earappels foar it fee. In foto fan mear as santich jier ferlyn. Doedestiids wie it in gewoane foto dy’t men op meardere plakken meitsje koe. Hjoed de dei soe dat tsjinfalle om’t der gjin turfbulten mear binne, mar ek gjin brijbuskes mear dy’t brûkt wurde. 

By ús wie it brijbuske in lyts molkbuske dêr’t fiif liter sûpenbrij yn koe. Eartiids gong it lege brijbuske tagelyk mei de folle molkbussen nei it molkfabryk en it kaam fol mei sûpenbrij tagelyk mei de lege molkbussen werom. Der koe by ús foar de hiele wike yn. Sels de katten krigen der noch wat fan. Dat betsjutte foar us seis dagen sûpenbrij ite. 

Sneins krigen wy pudding. Pudding út in pakje dat sean waard yn komolke, dêr’t as it ôfkuolle wie sa’n grou glêd giel fel oer hinne lei. Dat fel wie somtiden sa taai, dat je it mei it mes bewurkje moasten. Ik moat sizze, ik griisde der fan. En dan te begripen dat sommigen dat it allerlekkerste fan ’e hiele pudding fûnen.

De feart, op ’e foto wêr’t it bjinstap oan stiet, is it Klidzerjucht. It Klidzerak is tagelyk mei de Damslûs en de Wide Wispel yn it midden fan de fyftiger jierren ticht-smiten. Hjoed de dei soe dat, tink ik, net mear barre om’t hja no wol mear wetter foar de plezierfeart brûke kin, wat spitigernôch doe net nedich wie. It Klidzerak, dat doedestiids groeven is yn it kader fan ’e wurkferskaffing, is hûndert jier letter ek yn it kader fan ’e wurkferskaffing wer tichtsmiten om’t yn ’e fyftiger jierren ek ekonomysk tocht waard en de measte minsken, sa as by ús thús, wienen bliid mei de feroaringen. 

Dyken waarden wichtiger dan wetterwegen. Dy feroaring hat der wol foar soarge dat fan it ferline neat werom komme sil. Fan dêr dat dizze foto foar my ek in hiele grutte betsjutting hat. It Klidzerak is der net mear, de turfbult bestiet net mear, it bjinstap stiet dêr net mear en ús mem libbet ek net mear. 

Mar wat it brijbuske oanbelanget, dat hat alles oerlibbe. It stiet no, nei dat it yn 1966 foar it lêst brûkt is, skjin by ús yn ’e keamer

hfdp@kpnmail.nl