Algemeen
Column HvdP: Pinksterfakânsje
Om’t de kamping Erven Hendrikshoeve yn Tusveld foar en yn de pinksterdagen fol siet, foel ús pinksterfakânsje nei de pinksterdagen. Oankaam mei suterich wiet waar is it ús dochs slagge om de luifel der droech foar te krijen. Stienen wy foarich jier oan de sinnekant, no koenen wy in kar meitsje: as de skaadkant as net komme. Wy hawwe foar it earste keazen. Efternei besjoen in gaadlik plakje om’t yn de rin fan de wike de lange broek ferwiksele waard foar ien mei koarte pipen. Ek no wienen der wer ferskate dingen dêr’t it each op foel. It ear-ste dat opfoel wie dat de karavans noch grutter wurde en de opgong fan de kamper net tsjin te hâlden is. Dêrby moasten wy ek dit kear wer oanhearre fan: “Wat hebben jullie een mooie kleine caravan. Zit zeker geen mover onder!” En ek no moast ik harren fertelle dat myn mover neist my oan de tee siet!
En doe ynienen kaam sy om’e hoeke fan de laurier hage de kamping op rinnen wylst Geartsje en ik oan in bakje foar ús ûnderkommen sieten. Efter har oan kaam in man yn in al wat âldere Volvo V70 mei in karavan op leeftiid der efter. Ik trof it want dizze yn it each springende frou kaam mei har man neist ús te stean. In frou wêrfan de leeftiid min yn te skatten wie om’t sy har net klaaide yn de hjoeddeiske klean, sa as C&A dy yn de folder stean hat. In lange giele oerstrûper mei dêr ûnder oan de boppekant breiden spul en oan de ûnderkant mei blomkes fersierde hoazen. De hege skuon en de fersiersels yn it hier makken de saak ôf.
Hja soe samar yn ien as oare tillefysje program passe fan minsken mei in eigen passie. Doe’t hja ús foarby rûn koe ik it each mar min fan har ôfhâlde. Krekt as foel dat har ek op om’t se har holle nei my ta draaide en mei in glimke sjen liet dat sy wol wend wie dat minsken it each op har falle lieten. Sawol mannen op har uterlik, as froulju op har klean! Frijwol op itselde momint seinen Geartsje en ik: “Sjoch dêr rint Pieke”.
Pieke, dy’t Pietertje hjitte om’t sy nei beppe Pietertje neamd wie, spile goed fyftich jier ferlyn by my yn itselde kuorbalteam. Pieke kaam úteinlik út Grins mar wie troch it wurk fan har man yn Ljouwert telâne kaam.
Pieke klaaide har ek op de wize sa as sysels moai fûn en neffens har it bêste by har paste. Pieke droech ek lange blomde rokken of pearze broeken yn kombinaasje mei breiden truien en hege skuon. Ek Pieke wie it besjen wol wurdich en hie har wurdsje klear as dat nedich wie.
De oare deis rekke ik mei buorfrou oan de praat. Ik fertelde har doe ek oer Pieke. Sy fertelde dat sy Nieske hjitte en nei beppe Niesien naam wie en tafallich ek út Grins kaam. Sy sei dat yn it Nederlânsk mei in “knouwtje” op de eftergrûn. Hja wienen troch it wurk fan har man jierren ferlyn al nei it westen ferhuze mar harren Grinzer dialekt trou bleaun. No sieten sy alwer foar it tredde jier op dizze kamping. Sy fertelde ek dat sy nochal kreatyf wie en dat wie ek werom te finen yn de klean dy’t sy oan hie. Neat mis mei, moasten mear minsken dwaan. Hjirmei bedoel ik net dat de mannen mar in jurkje oandwaan moatte. Myn ynbring wie hjirmei op en waard it troch Geartsje oernaam. Dan komme de befallings, bern, bernsbern en syktes oan bod en dat giet my te fier foar dit ferhaal.
Doe’t ik de oare deis de kop om’e hoeke fan de luifel stuts, siet buorfrou al wer efter it tafeltsje in sokke te breidzjen. Genietsjen fan de sinne en har breiwurkje. In patroan? Nee, sa ut’e holle. Doe’t de sokke klear wie, kaam sy oerein om sjen te litten wêr’t sy mei dwaande wie. Haken en breidzjen it moaiste wat der is. Doe’t ik fuort rûn gie sy wer op har stoel sitten, pakte in bol jern en in pear priemmen en begûn oan in nij projekt te breid-zjen, wylst har man tsjinoer har siet de beantsjes te puntsjen om’t hy dyjinge wie dy’t soarge dat der iten op’e tafel kaam. Want ek mannen kinne kreatyf wêze
hfdp@kpnmail.nl