Algemeen

Column: Hynders

“Wol pake ek mei my nei de maneezje?”, frege ús jongste pake en beppesizzer oan my. De jongste pakesizzer, dy’t it legerûnderwiis ek al efter har litten hat, hat al in hiele sportive karriêre efter de rêch.

 Begûn mei hânbaljen as in oankommende Tess Wester fan de Friese Handbal Combinatie. Letter oerstapt nei it fuotbal om de Sari van Veenendaal fan s.c. Stiens te wurden. No besiket se bûten it keatsen om ek noch de Anky van Grunsven fan ús famylje te wurden. Neat mis mei, mar ik woe hjirmei mar oanjaan dat sa’n ien fan alle merken thús is. 

No wurdt pake frege om mei har nei maneezje “De Molenruiters” yn Froubuorren te gean. Yn ’t foarste plak as sjauffeur, mar ek om te sjen hoe it har as ruter ôfgie. Ik moat hjir fuortdaliks by sizze, ik haw it net op hynders stean. Ik bin as de dea foar hynders. En dat foar in boeresoan, wêr’t de heit fan noch mei in hynder wurke. Hoewol, doe’t ik in jier as fjirtjin wie ha ik sels noch wol op ús hynder sitten. In lyts skansearre fotootsje is hjirfan it bewiis. 

Ik haw de skrik krigen doe’t ik fan ús heit it hynder nei it lân bringe mocht. Doe’t ik mei it bist it lân yn run, liet ik har los. Dat hie ik sa net dwaan moatten, waard my letter ferteld. 

No goaide sy har efterpoaten omheech en gie mei har grouwe hoeven roerlings by myn holle lâns. De skrik siet der foargoed yn en is der ek nea wer útgien.

By de smid yn Terwispel, wêr’t ik in skoft wurke ha, waarden ek hynders beslein. De baas koe der omraak mei omgean en de bisten hienen oer it algemien ûntsach foar him. Doch sieten der dwerskoppen tusken dy’t de snútbân op ’e snút ha moasten. Soms wie dy sa gau net te finen en waard har, as eks him, in smidstange op ’e noas knepen. En wa mocht dy tange beethâlde? Just ja, ikke. “As der dwers wol”, sei de baas, “dan knypst mar wat fûlder oan”. Ik switte doe noch mear dan as ik oan it wurk wie. Myn baas yn Stiens hie Fryske hynders. Wier, it binne prachtbisten. Se wienen sa mak as lammen, en ik koe der fan genietsje salang der mar in skutting as in stroomtried tusken ús yn stie. 

No gie ik mei myn pakesizzer nei Froubuorren en hie my al foarnommen om mar net te ticht by de hynders te kommen. Mar as jo dêr binne sjogge jo allinne mar hynders en jo rûke ek allinne mar hynders. Ik bin dêrom earst mar nei de kantine gien om in bakje kofje te nimmen. Doe’t ik wer by myn pakesizzer kaam, hat sy my útlein hoe’t it dêr wurke en op hokker hynders sy ride mocht. Ik neam it mar hynders, mar de juste beneaming skynt pony te wêzen. Foar dat ik it trochhie stie ik yn de maneezje mei in stikmannich ponys om my hinne. No ja, om my hinne? Der siet in skutting tusken.  De fammen klommen allegear op in pony en de ynstruktrise Julie stie der tuskenyn. Nei de “warming up” kaam der wat mear tempo yn en men koe sjen dat alle fammen o sa entûsjast wienen en harren al gelyk in Ankie van Grunsven fielden.

Om’t de kofje my begûn te pleagjen waard it tiid om noch efkes nei de húskes  te gean. Ek dêr is it ien en al hynstetaal, want ik moast efter de húskedoar wêze dêr’t “Hynsten” opstie en efter de oare doar koenen de “Merjes” harren oandrang kwyt reitsje.

Doe’t ik wer by de bak kaam, ha ik wakker oan it foto en filmke meitsjen west as sy mei in “big smile” oan de oare kant fan it sket by my lâns ried. It tempo wie noch wer wat omheech gien en der wienen ek al fammen by dy’t it swypke, dat sy de hiele tiid yn ’e hân hâlden, brûkten om it hynder wat op gong te krijen. In lyts tikje wie wol foldwaande.  

Doe’t ik tsjin twa froulju, dy’t neist my stienen, sei dat at se sa jong al mei in swipe omgean kinne se it letter net mear hoege te learen, waard ik troch beide frjemd oansjoen. 

Uteinlik wie it oere samar om en nei dat it spul allegear wer teplak stie binne wy mar wer op hûs oan gien. Underweis yn ’e auto hienen we noch wol in lyts mieningsferskil. Ik sei dat se op in Fjord ried en sy sei fan in  Haflinger. It rûn efkes heech op, mar doe’t ik seach dat se it swypke beet pakte, haw ik har mar gelyk jûn. (grapkeeeee) λ

 hfdp@kpnmail.nl