Algemeen

Column: Ien lytse fout

Al wer in ramp, in treinûngelok yn Grikelân. It hâldt net op, liket it wol. Mar dêr wol ik it fierder net oer hawwe. It is slim genôch, mar trije kear achter elkoar oer in “ramp” skriuwe…

It sette my wol oan it tinken. Want it liket der op, dat dizze lêste trageedzje komt troch in minsklike fout. In wissel dy’t net omset is, mei twa treinen op itselde spoar dy’t fol op elkoar ynride. Fansels moat alles noch ûndersocht. Mar dochs, ien fout, en dan sokke gefolgen.

Ik moast tinke oan in lêzing, dy’t ik jierren lyn by wenne. It gie oer de finzenis (gevangenis), en foaral oer de minsken dy’t dêr finzen sieten. It wiene ferhalen fan gewoane minsken, heiten en memmen, broers en susters, soannen en dochters, dy’t op de iene of oare menier dêr telâne kommen wiene. Troch in bisarre gearrin fan omstannichheden. Of trochdat se krekt mei de ferkearde persoan yn see gien wiene. Of troch in ferline dat harren skeind hie, en dêrtroch op it ferkearde paad set.

 

De sprekker liet ús ynsjen, dat elkenien eins yn dy finzenis telâne komme kin, ek gewoan troch it meitsjen fan in fout.

Fansels wol ik hjir neat mei goed prate. In finzenis is der net foar neat. En hjir yn Nederlân wurdt men ek net achter de traaljes set, as der neat oan de hân is. Hoopje ik.

Dat hat fansels wol ris oars west. De Hogerhuis broers ha dat wol belibbe, in dikke 100 jier lyn. In saak dy’t noch altyd de oandacht lûkt. Yn “Obe”, it paviljoen by de Aldehou, wurdt de saak wer hielendal út de doeken dien op dit stuit.

Ek dêr giet it om fouten dy’t makke binne, mar dan fan de oare kant, fanút it wetlik gesach.

Ik woe it dochs mear oer de fouten hawwe, dy’t “gewoane” minsken meitsje kinne. Wy meitsje allegearre fouten. Lokkich giet it meastal net om halssaken, en kinne wy der wol mei libje. De ien jout syn of har fout wat earder ta as in oar, mar salang as der net folle skea is, fine wy it oer it algemien net sa’n probleem. En yn ‘e regel leare wy ek fan ús fouten, teminste sa ha ik it altyd wol sjoen.

 

Mar sa’n ûngelok as dat yn Grikelân is fan in hiel oare oar-

der. It wol of net fersetten fan in wissel makket dan it ferskil tusken gjin of hast 60 deaden. En dan komt by my de fraach boppe: alles is yn dizze tiid sa automatisearre. Alles kin berekkene wurde, op de milisekonde regele. Wy wurde allegearre as minske yn de gaten hâlden sûnder dat wy dêr mar wat fan yn de gaten hawwe. As ik mar tink dat ik miskien wolris oan it wolfiltsjen kin, dan komt ynienen de iene nei oare advertinsje fan in kursus hjiroer foarby. As ik mar ienkear wat opsykje oer in nije keuken, dan streamt facebook fol mei plaatsjes fan nije keukens. (en ik hoech net iens in nije keuken, mar dat snapt facebook dan wer net). Dus alles stiet ûnder kontrôle.

 

Mar blykber ien sa’n wissel dus net. Soks kin dochs net ôfhingje fan ien persoan? As dat sa is, dan snap ik ek wêrom as de minsken fan it spoar yn Grikelân allegearre yn staking gean. Want moarn kinne se blykber deselde fout meitsje. Om’t der gjin kontrôle is. Om’t der blykber net in wetterticht systeem is. Om’t der wierskynlik net genôch minsken binne op de ferskillende posten.

Ien lytse fout. Ien momint fan ûnachtsumens.

It kin der dus foar soargje, dat men fierder de rest fan it libben yn de finzenis komt. In gewoane heit, man, pake miskien, dy’t twa dagen lyn noch gewoan syn wurk die.

Sa flintertin is it ferskil dus tusken goed en fout.

Itselde ferhaal, wat ik dus safolle jier lyn ek al ris hearde. It is dus ek net oan ús om dêr in oardiel oer te jaan. Want fansels tinke wy, dat soks ús nea oerkomme sil. En gelokkich oerkomt it de measten fan ús ek net. Mar dochs: in fout is gau makke. Ien moment fan de kop der net by, en it libben stiet dan letterlik op de kop.

 

Ik hoopje dat it my en jimme nea oerkomme sil. Dat it bliuwt by fouten dy’t wy wer rjocht sette kinne. Dy’t miskien wol even ferfelend binne, mar wer’t wy ek fan leare. Ien foute wissel, en dan safolle leed, dat wol doch nimmen?  

 

Aeltsje de Groot