Algemeen

Harke en Lyske hienen begjin november in hûs tasein krigen yn it doarp wêr hy wenne. It hûs moast nochal wat oan gebeure, mar omdat der lange levertiid siet,op meubels, bestelden se dy earst en begûnen doe te fervjen, behingjen en sa fuort hinne. It wie in hiel wurk, mar heal december wie it measte klear en yniens kaam der in bericht dat op 20 december it bêd en it bankstel komme soenen.

Neidat alles yn de kasten lei en it bêd moai opmakke wie begûnen se oan har nije libben. It wie wat behelpen, sa ieten se op it bank har iten op, want de yttafel en stuollen wienen noch net kommen, mar dat dearde har net en it iten smakke der like goed om. Op freed 23 desimber sei Lyske dy jûns ûnder iten: ‘Sille wy moarnier efkes sjen om in krystbeam?’   ‘In krystbeam, hoe komst der ynienen by?’ frege Harke.  ‘No, omdat it hjir noch wat keal is yn ‘e keamer is, no we noch gjin yttafel en stuollen ha, tocht ik, dêr soe moai in grutte krystbeam stean kinne.’  Harke fûn dat in goed plan, pakte syn agenda der by en sei: ‘Nee, dat wurdt him net. Ik moat moarnier helpe om de krystbeam op te setten op it pleintsje by tsjerke, yn it midden fan ‘t doarp.’  ‘Wêrom wit ik dat net?’ frege se. ‘O sorry, ha ik dat net sein?’ ‘Nee, mar foardat der mear dingen binne dy we net fan mekoar witte, moatte wy in aginda yn ‘e keuken ophingje wêr we alles op skriuwe, mar eh werom moast sto dat dwaan? By ús yn it doarp dogge in pear âlde mantsjes dat.’   ‘Alde minsken dy in beam fan goed fjouwer meter fersiere? Libbens gefaarlik!’  ‘Och nee je, by ús stiet mar in lyts beamke, dêr hoege se net in ljedder by. Werom ha jim hjir sa’n grutten?’  ‘No gewoan, it hiele doarp moat him sjen kinne, want hy is foar it hiele doarp. En yn de krystnacht komme alle doarpsbewenners by de beam om dêr it krystfeest te begjinnen. Dan spylet it korps en wy sjonge de krystferskes mei! Dêrnei is der poeiermolke en glühwein en sa winskje we mekoar in moai krystfeest ta!’  ‘Wat bysûnder je en giest sto dêr ek hinne?’   ‘Jawis hiel it doarp, do ek!’   ‘O jaaaa? No we moatte mar ris sjen, as it wat knap waar is, mar hoe dogge wy it no mei ús eigen krystbeam?’   ‘It is hjoed keap-jûn, dus wy sette gau de smoarge boel yn it goatsgat en geane op stap. Hoe liket dat?’   Dat like Lyske goed ta en gelokkich fûnen se in beam, krystballen, ljochtsjes en slingers. Bêst genôch!  Wer thús setten se him drekst yn ‘e keamer en nei in skoftke stie dêr in moai ferljochte en versierde beam.  Doe Harke de beam better beseach sei er: ‘Der sit net in Pyk op!’   ‘Nee, dy wie net mear te krijen.’   ‘Dy stompe punt op de beam liket nearne op, in krystbeam sûnder pyk, dat is niks.’ fûn er.  ‘Ik ha noch wol in ferljochte kryststjer, dy hie ik eartiids foar it rút hingjen!’ sei Lyske.  ‘In stjêr, dat is ek niks, dan kinne we him better allinnich mei de ljochtsjes bûtendoar sette!’ sei er en hy begûn al in krystbal los te meitsjen.  ‘Niks dêrfan,’ rôp Lyske no oerstjoer, ‘aanst bin ik dy ek net nei ‘t sin en dan setst my ek bûtendoar, tink? Nee, wachtsje earst mar ris ôf hoe ik it doch en reageer dan mar wer!’  As Harke de stjer sjocht seit er: ‘Dat kin net, dat ding is te swier foar dat boppenste puntsje fan de beam, hoe wolst dat ha?’  ‘We hingje him oan de lampe op it plafond en sette de beam dêr ûnder!’   ‘O, do bist wat mansk, mar no noch wat oars, want hoe wolst him oankrije? Elke dei in pear kear de trep op en del om him oan en út te dwaan?’   ‘Net sa seure je, hjir hâld ris fest!’ sei se en joech him de stjer oer. Se knipte op de ôfstân betsjinning en hy brânde!  Mei bewûndering seach er nei har, helle de trep út it hok en efkes letter stie der in prachtige ferljochte krystbeam yn harren keamer te pronken.

Op 24 desimber setten se de jûns efkes foar tsienen ôf nei it doarpsplein. Der wienen al in soad minsken by de grutte krystbeam. De foarsitter fan it doarpsbelang hjitte elk wolkom en fertelde: ‘Dizze beam stiet foar de mienskip, it ljocht en de frede yn ús doarp en op hokfoar tiid past dat no better as mei it feest fan kryst!’  De man slute de stekker oan en dêr brânde de beam en hy krige in grut applaus. Dêrnei spile it korps, hoe koe it ek oars yn dy krystnacht, it; “Stille nacht, Hillige nacht.” en elk song mei. Dit sa meimekoar krystferskes sjonge die Lyske mear as se tocht hie, se waard dêr gewoan waarm fan wylst de sûkelarjemolke en de glûhwein noch komme moasten.  Om goed 12 oere dronken en klonken se mekoar ta en spile it korps:  “We wish you a Merry Christmas.’ Elk song mei en winske mekoar sa in moai krystfeest ta. Op wei nei hûs pakte Lyske Harke yn ‘e earm, mar by de beam bleau se efkes stean, wiisde nei boppen en sei: ‘In moaie beam, mar je, hie dêr no net in pyk op moatten?’  Harke seach har oan en frege: ‘In Pyk? Wat is dat foar ding?’  Lyske lake, krûpte him oan en sei: ‘Ja, dat soe ik ek net witte!’

 Etie Pasma - Stiens 2025

Dit wie myn lêste column en by dizze wol ik alle lêzers bedanke foar de aardige reaksjes. Ek de firma Brandsma bedankt dat ik de kâns krige om, jierren lang, myn stikje yn de Stienser te setten!  En dan winskje ik jo no, ek nammens myn man, noflike krystdagen en lok, seine en sûnens foar 2026.