Algemeen

Column: In skop ûnder de kont

Ik hear it mysels de lêste tiid nochal faak sizzen: “ik moat mysels wolris in skop ûnder de kont jaan, om fan dy bank ôf te kommen.” Tagelyk wit ik fan mysels, dat ik dat dus fiersten-te-min doch.

As wy (ien dei yn de wike) op de hûn fan ús Pytsje passe, kom ik fan de bank ôf om middeis in stik te rinnen, mei de hûn uteraard. Hielendal gjin probleem mei. As wy op ús beppesizzer passe, fyn ik it hearlik om even mei har bûten om te strunen.  As ik “klustsjinst” op it Westerhús ha (fan it Nijkleaster yn Jorwert) -  mei alle nocht en wille spring ik moarns yn de auto om letter op in steiger te stean en in plafond te fervjen.

Mar as ik dan in dei ha, dat it allegearre net sa hoecht...Wat went in minske gau oan oare omstannichheden. En wat went in minske ek gau oan lekker yn ‘e hûs wat omklungelje. Mail neisjen, stikje skriuwe foar de skriuwerskursus dy’t ik folgje. Mei de kollum oan de gong. It moat allegearre ek wol dien wurde fansels. En de tariedingen op de ferskillende gearkomsten dy’t ik ha om’t ik ek noch wolris hjir en dêr yn sit, moatte ek troch gean. Mar ik merk, dat it ek wol as reden oanfierd wurdt troch my, om mar lekker yn ‘e hûs sitten te bliuwen. In middei is samar om, ek achter de laptop.

En dan fiel ik djip yn my ek wol dy tsjinstridichheid, dy’t der eins altyd wol west is. Ik fûn it altyd hearlik, om wat yn in eigen bubbeltsje te libjen. Ik fermeitsje my prima as ik allinne bin. Mar doe’t ik hast 49 jier lyn dy jonge út Weidum tsjin kaam, feroare dat libben behoarlik. Fansels, it wie doe net sa, dat ik altyd thús siet. Yn de wykeinen gong ik ek wol op stap, dat hearde der by. Mar troch dy moeting, by de spulwike yn (doe noch) Baarderadiel, feroare it libben totaal. Al hie ik dêr doe noch gjin idee fan. En duorre it ek noch wol in oantal jierren, foardat dúdlik wie, dat myn libben in totaal oare koers naam, dan dat ik altyd foar eagen hân hie.

Dat wie op it moment dat Nico thús kaam nei in besite by bakker Feenstra yn Winsum. Dêr hie er ea yn fakânsjes en op sneon wurke. Nei de berte fan ús Jetske hie er fjouwer wike frij (!). Ik rêde my der wol mei, en sa koe er ek wer ris wat âlde kontakten oanhelje. Hy kaam thús, en sei: “wy kinne de saak fan Feenstra wol oernimme”. Feenstra hie syn nocht, en de soan dy’t it oernimme soe, wie ûngenêslik siik. Slim genôch. Mar foar ús gong it hurd doe, want goed fjouwer moanne letter wiene wy al bakker en bakkerinne yn Winsum…

It wie fan it begjin ôf dúdlik, dat ik meiwurkje soe yn de saak. Sa gong dat doe, wy ha der net iens oer praat. Myn baan op de administraasje fan in deiferbliuw yn Oranjewâld koe ik dochs net hâlde.  Dus wie ik fan it iene op it oare moment ûndernimmer. Sûnder wat foar foarkennis dan ek. Dy “kennis” ha ik letter opdien, doe’t der kursussen kamen, en ik it middenstânsdiploma noch helle ha. De opfang fan de bern wie yn elk gefal net in probleem, wy wennen by de saak. Soms stiene se gewoan yn in grut giel krat yn de winkel.

Wat foar my wol hiel nij en oars wie, wie it feit, dat ik de hiele dei minsken om my hinne hie. Der wie yn elk gefal noch in bakker neist Nico yn de bakkerij. Earst noch Feenstra, en ien dei yn de wike “lienden” wy in bakker fan de Soete Suikerbol út Ljouwert. Yn it wykein, op freed-te-middei en sneons hie ik der in famke by foar de winkel.

Letter krigen wy in fêste banketbakker, in winkelfamke foar de hiele wike, en in stazjêre, dy’t ek by ús ieten tusken de middei. Dat wie al folle mear dan as ik wend wie. En dan wiene der de hiele dei troch fansels de klanten yn de winkel.

Ik hie nea tinke kinnen, dat ik sa’n protte minsken yn myn libben moetsje soe. En ik ha der ek gjin spyt fan, it hat prachtige dingen oplevere.

Mar dochs, dochs moat ik mysels wolris oantrúnje om der wat mear op út te gean. Soe it âlde aard dochs wer boppe komme?

 Aeltsje de Groot