Algemeen

Soms lês ik wat yn de krante werfan ik tink: dêr sit wol in ûnderwurp yn foar de kollum. Op it heden is der genôch te dwaan yn de wrâld en ek genôch om oer te skriuwen dus. 

Allinne al oer alles wat wy dwaan kinne om enerzjy te besparjen. Oant no ta bin ik dêr noch gjin wrâldskokkende dingen tsjin kommen. Der binne genôch minsken, dy’t al jierren op sa’n wize libje, dat hja sa min mooglik enerzjy brûke. Sommige minsken dogge it út prinsipe, in hiele protte oaren út needsaak. Dy lêste groep moat al jierren be-sunigje om’t der deagewoan gjin jild is, om hokker reden dan ek. Dy groep wit echt wol, wat der dien wurde moat, om mei in bytsje rûn komme te moatten. It spitige is wol, dat dizze groep gjin middels hat om de omjowing (it hûs) op in goede menier te ferduorsumjen. It is in sirkeltsje dêr’t wy net út lykje te kommen. Ik ha de yndruk, dat de polityk dat ek net rjocht foar eagen hat. 

Mar it wie myn doel hjoed net om oer enerzjy besparring te skriuwen. Al ha ik ek noch wol in “tip”: de kachel oan dêr’t it nedich is. Wy wennen yn de winter ek allinne mar yn de achterkeamer doe’t ik jong wie. De kachel yn de “sneinske keamer” kaam allinne mar op snein oan…It fenomeen “doorzonkamer” hat spitich genôch in ein makke oan de keamers “en suite”. It lêste hat seker syn foardielen yn dizze tiid.

Werom nei myn “argewaasje” fan dizze wike.

Wat my foaral opfoel, wie it gepraat oer it “kofferke”. Yn it earste plak snap ik totaal net, dat in minister fan fynânsjes dêr in útspraak oer docht. Alle eagen binne op har rjochte op in dei as de tredde tiisdei yn septimber. It giet altyd en oeral om jild. Mei se dat jûns nochris ferdúdlikje foar it hiele folk, giet it oer in kofferke, dat net duorsum mear wêze soe…

Wat fansels nergens op slacht. Want dy koffer is al 58 jier âld, dus al lang ôfskreaun. Wat net duorsum is, is dy stapel papieren dy’t der yn sit. Mar men kin der ek in laptop yn dwaan…

Eins it it de muoite net iens wurdich om der oer te skriuwen. 

In hiel stik yn de krante oer dat “kofferke”. De hiele wrâld dy’t der wat fan fynt. En ja, ik dus ek.

Want oars hie ik dizze kollum wol ergens oars oer skreaun.

En ik wyn my der eins ek oer op, krekt sa as in protte oaren. Omdat it sa ûnnoazel is. Omdat it sa nergens oer giet. De hiele wrâld is yn ûnstjoer. Wy binne de koroana noch net iens te boppe en der brekt in ferskriklike oarloch út. Mei in lieder, dy’t sa stadichoan rare sprongen begjint te meitsjen, in kat yn it nau. Wat yn myn eagen wolris hiel gefaarlik wurde kin, foar safier as it dat noch net wie.

De hiele simmer giet it oer te folle wetter, en te min wetter. Te hege temperatueren of te lege temperatueren. Oer gasprizen, oer bensineprizen, oer bôleprizen, oer alle prizen.

Al moannen wurdt ús ferteld hoe as wy straks besunigje moatte. Tekoarten fan dit en tekoarten fan dat. Neffens my hat gjin ien in andert op de fraach hoe as it fierder moat. Op deselde moarn dat de troanrede foarlêzen moast, moast der noch fan alles oan feroare wurde en by skreaun. 

Begryp my net ferkeard, ik soe net graach yn de skuon fan de ferantwurdlike politisy stean. Oan de oare kant ha se wol de ferantwurdlikheid op har nommen om ús troch dizze krisis hinne te loadsen.

 

En as it dan oer in kofferke giet, nim my net kweaôf, dan sakket my de broek ôf.

Der is gjin minske sûnder fouten, elk makket wolris in útglider. En dat komt oeral foar. Mar ik ferwachtsje fan in minister dochs wol mear ynhâld dan geëamel oer in kofferke. 

Ik wit sels wol, dat it net altyd tafalt om bepaalde dingen NET te sizzen. Ik bin ek wol fan it spontane type, dat der fan alles útflapt. Mar ik ha op in gegeven momint wol leard, dat it better is om earst nei te tinken, foardat der wat sein wurdt. Dêr hoege je net iens in trening foar te foljgen, gewoan it sûne ferstân brûke.

Trouwens, ik ha noch wol in knap kofferke stean. It rûkt muf, en de slotsjes moatte even smard. 

Mar it kin noch jierren mei

 

Aeltsje de Groot