Algemeen

Column: Knibbelhoazzen en sokken

De ôfrûne Krystdagen sille net de skiednis yngean as de minst pynlike Krystdagen, want in pear dagen derfoar haw ik myn lêste tosken lûke litten en wer nije plestiken der foar yn ’t plak krigen. Alde der út en it nije der fuortdaliks wer yn. It gefolch wie dat ik in skoft net kôgje koe en de bôle yn lytse stikjes nei binnen ta brocht waarden lyk as dat gie mei ús bern doe’t dy lyts wienen. It ûntbruts der noch oan dat Geartsje my fuorje moast. No binne wy wer in pear wike fierder en it giet al in stik better. De oaljekoeken moast ik noch wol yn parten snije, mar fierder moatte allinne de hurde koekjes noch troch de tee helle wurde.

Dat hiele pine yn de mûle stelt úteinlik neat foar as men it wrâldbarren be-skôget. Dêr falt foaral de oarloch yn Ukraine op. Ik wit wol dat se yn in protte lannen dwaande binne om de wapen- en menútsjefabrikanten te stypjen wêrtroch der wer in protte jild en, wat noch slimmer is, minskelibbens weismiten wurde. Mar Ukraine komt tichtby en wy krije dêr ek wat fan mei. Sjoch mar nei de brânstofprizen, dy’t ferskuorrende heech binne. Foaral de gasprizen. De kachel moast mar in pear graden leger set wurde, waard ús oanret. Foar minsken lykas ús is dat gjin probleem, om’t wy dan wat mear klean om ’e hûd dogge. Ik wie dat fan thús út wol wend, om’t ik noch út de tiid kom dat der mar ien kachel tagelyk yn de hiele pleats baarnde. En doe hienen we ek noch echte winters. It wie by ús sa kâld efter de Polderdyk, dat de houtkachel soms muoite hie om de ruten iisfrij te hâlden. We hawwe wol winters hân dat de blommen nea fan de sliepkeamersruten ôfkamen. Jûns op bêd mei in pyama en sokken oan en yn in troch in krúk ferwaarme nêst. In lading tekkens en dêr noch in oerklaaide tekken oerhinne. It frear sa bot op myn sliepkeamer dat de damp út de mûle as in iislaach op de tekken kaam te lizzen. Dat skrabbe ús mem der moarns earst ôf foar it bêd wer opmakke waard. It wit noch dat ik mei dûbele sokken oan yn de klompen nei skoalle ta gie. Troch ús mem breide grize knibbelhoazzen mei swarte sokken der oerhinne.  

Dat wy wol wat went wienen, wat kjeld oanbelanget, lit de foto sjen dêr’t ik mei myn broer Chris op  stean. Yn de snie, yn de koarte broek mei knibbelhoazen en sokken om de fuotten. En ûnder de breiden trui sil ek wol in breiden boarstrok sitten ha, om’t dy by de winterske “outfit” hearde.

En as ik it yn’e hûs al kâld krige gie ik tichter by de kachel sitten. Men hoegde doe nearne rekken mei te hâlden. Ek net as ik de televyzje wol sjen koe en wol ticht genôch by in stopkontakt siet om de tillefoan op te laden. 

Televyzje wie doe noch lang net oan de oarder, sels stopkontakten bestienen by ús noch net. It iennichste nijmoadrige wie in radio op batterij wêrop de “Bonte Dinsdagavondtrein” wol it hichtepunt fan de wike wie. Wy moasten der foaral om tinke dat wy net oan de kachel kamen, om’t de boppeste ringen readhyt waarden. Dy kâlde winters hawwe doe miskien noch krekt in útrinner fan de iistiid west. 

No makket de natuer in omslach en hawwe wy hjoed de dei it gelok dat de ierde him sels opwaarmet. By ús komt it no net sa min út mei dy hege gasprizen. Ik wit sels dat wy aardich minder ferstoke dan foarhinne. Mar it is noch hieltyd djoerder dan de houtkachel dy’t by ús op ’e Damslûs yn de keuken stie. 

Foar ús bern en bernsbern sil it efkes wennen wurde as de temperatuer yn’e hûs twa graden leger moat, as wy sjogge hokker klean sy winterdeis om it liif hawwe. Salang as it nachts net ûnder de tsien graden komt, sil it tafalle. En komt der ûnferwachts dochs noch in strange winter, dan kin Geartsje altyd noch, krekt en gelyk as ús mem dat doedes-tiids die, foar de bern knibbelhoazzen en sokken breidzje. En as it nedich is komt de oerklaaide tekken wer fan de fliering. Deselde tekken, dêr’t ik santich jier ferlyn op ’e Damslûs ek ûnder lei

hfdp@kpnmail.nl 

 

Mei út namme fan Geartsje winskje ik alle lêzers fan de Stienser in lokkich, mar foaral sûn 2023.