Algemeen

De hjerstfakânsje is al wer sa goed as foarby en de bern dy 't dit jier foar it earst nei de basisskoalle of nei in oare skoalle moasten witte al net oars as dat se dêr deis ferwachte wurde. Ien fan ús pake- en beppesizzers moast foar it earst nei in oare skoalle en nei wat fragen, fan myn kant, oer hoe it har dêr foldie, kaam it begjin fan myn eigen skoalletiid my wer yn 't sin.

It wie, op in moandeitemoarn, begjin augustus. Myn freondintsje en ik riden, op in autoped, wat yn Hijum om en yniens kaam der in buorfamke op 'e fyts mei in rotgong op ús ôf en begûn, foardat se oan ús ta wie, al te roppen: 'Bern, jim moat nei skoalle! Toe, gau nei hûs en dan nei skoalle!'

Werom wy en ús âlders net wisten dat wy nei skoalle moasten, snap ik net en wit ik net, want ús âldere broers of susters moasten op dy dei ommers ek al wer hinne. 

Thús stie mem, dy 't al op 'e hichte brocht wie, klear mei in wiet mofke. Ik krige in feech om 'e holle en de sneinske klean oan. No hâld ik fan moaie klean, dus dat stie my wol oan en it joech my tagelyk in feestlik mar ek in núver gefoel. Want eins fûn ik it bêst wol grizelich dat ik no nei in oar doarp moast en nei in frjemd, grut gebou, mei in hiele soad bern dy ik net koe!

Der wienen neffens my dat jier fiif bern dy 't foar it earst nei Hallum, nei de legere skoalle moasten, sa de skoalle doe hiet, want nei de kleuterskoalle wienen wy net west. Oan it ein fan it dykje, wêr 't wy oan wennen, stienen al in pear memmen mei de fyts klear en nei 't se der allegearre wienen setten se útein, elk mei in bern efter op 'e pakjedrager.

Ienkear op skoalle fûn ik it dêr wol sa frjemd rûken! Wat foar lucht dat krekt wie, wit ik net, mar it wie en is in núver geurke, want ek letter as ik dêr ris mei ien fan ús bern wêze moast, rûkte it dêr noch krekt sa! Dat is ek sa by de toskedokter, fyn ik, dêr hinget ek altyd in frjemde geur om. Sels mei in blyndoek foar soenen je noch drekst witte dat je by in toskedokter binne!

Wy wienen oan de lette kant en de klasse siet hast fol mei bern, mar foar elk fan ús wie der noch in stuoltsje frij. In leave juffrou wiisde ús elk in plakje en doe moasten wy ôfskie nimme fan ús memmen en begûn ús skoalletiid. It earste frjemde wat der barde wie dat wy, al hoe leaf de juf ek wie, fan har beslist Hollânsk prate moasten. Dat wienen wy net went, mar je binne op skoalle om wat te learen, dus dat learden wy wol. Wol koenen je bytiden 

frjemde wurden hearre sa as ien dy 't tsjin juf sei dat er nei it 'huiske' moast. Mar nei 't juf útlein hie dat soks in WC wie, wist elk dat! 

Oan it ein fan de moarn waard ik wer ophelle troch mem, mar dat wie drekst de earste en de lêste kear, want twa fan myn broers wienen op deselde skoalle en dy moasten my foartoan, om bar, efter op de fyts, nei skoalle bringe en wer mei nei hûs werom nimme, want ik hie sels net in fyts!

Myn broers hienen dêr lykwols net folle nocht oan en sa koe it barre dat, op de werom reis, de iene sei, do moast hjoed mei him werom, of krekt oarsom en sa bliuw ik wolris allinnich yn Hallum efter en moast ik nei Hijum rinne! Gelokkich wie der altyd wol ien, út in hegere klasse, dy 't dat begrutte en my dan meinaam efterop de fyts. Heit en mem wienen dan, as ik net mei werom kommen wie, poer razend op myn broers en stjoerden ien fan har om my op te heljen. As dy my dan al yn Hijum foarby kaam snapte er net hoe ik sa hurd fan Hallum nei Hijum rinne koe.

Hawar, pake en beppe, dy neist ús wennen en sadwaande oeral fan op 'e hichte wienen, begrutte dat om my en dêrom brocht pake in besykje oan de fytsmakker fan it doarp. Dy hie net folle foarrie fansels en sa koe it barre dat pake letter thús kaam mei in fierstente grutte frouljusfyts foar my! 

No wie pake aardich handich, dus sette er oan beide kanten fan de trapers grutte klossen hout en sa bin ik de earste jierren, op in te grutte fyts, hinne en wer nei Hallum riden. Meast stie ik op de trapers, want op it sadel fleach ik fan de ienen kant fan de fyts nei de oare en dat wie net noflik! 

As it dêr no troch kaam of net, mar fytsen wie en is net myn hobby, mar fan doe ôf koe ik my sels rêde en dat wie wol fijn. De moaiste tiid om nei skoalle fûn ik eins as it winter wie en de diken fol leinen mei snie en iis. De measte Hijumer bern en ik dus ek gienen dan op klompen nei skoalle en alhoewol wy langer wurk hienen, gliden wy mei noch en wille nei Hallum en kamen mei sûne, reade wangen op skoalle. En as it waar te min wie om tusken de middei nei hûs dan hellen wy gewoan in oarlochskoeke by de bakker en iten dy op skoalle op. Fansels hienen wy gjin jild by ús, mar de oare deis brochten wy dan it jild by de bakker en dat wie alhiel gjin probleem. 

Tiden ha tiden, mar sa gie it, doe! 

Etie Pasma, Hijum 2019