Algemeen

Column: Sinteklaas ferhaaltsjes, foar âld en jong, út Hijum diel 9

Dizze column giet oer de Sinteklaas tiid yn Hijum sa ik dy meimakke ha. It wie in spannende tiid want doe moasten stoute bern, en wa wie dat net sa no en dan, soms noch yn ‘e sek mei nei Spanje.

Ús mem wist krekt as swarte Pyt lâns komme soe en dan moast ik jûns sinteklaasferskes sjonge by de kachel. Dat fûn ik net slim want de oare moarns siet der altyd in sûkelarje mûs of kikkert yn myn sok. Lekker! Tsjintwurdich fiere wy pakjesjûn mar doe ik lyts wie net. Ik moast op 4 desimber, foardat ik op bêd gie, hiel lang sjonge en dan krige ik de oare moarns kadootsjes. Meastal wienen dat sels breidene sokken, moffen of in sjaal wêr mem, beppe en tante de bêste Sint al in hiel skoft mei holpen hienen. Ja, Sinteklaas wist wol hoe er oan goedkeape kadootsjes komme moast, hy sette alle froulju gewoan oan it breidzjen. Myn pakjes leinen de oare moarns, as ik fan ‘t bêd kaam, op tafel. Fansels wie ik nijsgjirrich en al betiid ûnder om te sjen wat ik krigen hie. Dat moast ek want foar ik nei skoalle gie moast ik earst noch by pake, beppe en tante, dêr Pyt ek wat foar my brocht hie, myn pakjes sykje. Wêrom Pyt by ús de pakjes op tafel lei en dy by beppe altyd ferstoppe wit ik net. Pyt moast dêr altyd wol hurd want dy pakjes leinen alle jierren wer op it selde plak. Altyd op de klok, dy oan de muorre hong, op in stoel ûnder in kessen of efter de oergerdinen. Pake, beppe en tante sieten der glunderjend by, libben bot mei as ik oan it sykjen wie en rôpen, as ik ticht by in pakje kaam, dat ik waarm of hyt wie. Dêr krige ik meast in taaiman en sûker bistkes, mar ek wol in echt kadootsje sa as in lêsboekje of in kleurboek mei kleurkes! Prachtich! 

Letter fûn Sinteklaas yniens dat we sels mar wat organisearje moasten en fierden we krekt as no pakjesjûn. Ferlanglistkes makken wy en Sinteklaas sei hoefolle it kostje mocht en dêrfan moasten we wat foar mekoar keapje! It wie soms in toer om der in rûn bedrach fan te meitsjen, mar troch der in sûkelarjeletter of in drûge woarst by te dwaan slagge it wol. 

By ús, yn Hijum, makken de Piten gjin gedichten, mar by de Pasma’s wol by ien pakje. Der wie ris in hiel bysûnder gedicht by foar in sweager fan my. Dy wie gek op sûkelarje en de sûkelarjeletter stie dan ek altyd boppeoan op syn list. As hy him krigen hie begûn er dy drekst op te iten en hy him al op foardat it feest foarby wie. Dat hie ien fan de Piten sjoen en dêrom bestelde dy it oare jier by de bakker in hiele grutte letter. Omdat dy hiel djoer wie krige hy oars net folle mar noch wol in lyts letterke. Dy grutte letter die Pyt stiekem ûnder yn de sek en de lytse boppenyn. Dy pakjesjûn hie hy syn lytse letter al betiid krigen en drekst op iten. De sek wie hast leech doe hy syn lêste pakje krige. Der siet in koart gedichtsje by wêr op stie: “Hjir hast dyn letter, grutte fretter!” Mar dat koe him neat skele hear, o nee, hy wie der hiel bliid mei, bruts der drekst in stik ôf en iet it op. Al hiel lang komt op de sneon foar 5 desimber, yn Hijum, it korps troch it doarp mei Sinteklaas en de Piten der efteroan en dan geane se yn optocht nei it doarpshûs. Sa gie it yn 1988 ek. Doe wienen wy krekt ferhúze nei de Poaitrije en hienen it noch oe sa drok. Yniens hearden we it korps oankommen en rûnen gau nei bûten om nei Sint en de Piten te swaaien. DE Pyt, dy spitich genôch net mear ûnder ús is, kaam doe by ús it hiem opdraven, helle in grouwe hân mei piternúten út de sek, goaide dy by ús yn ‘e hûs en sei: ‘Sa famylje Pasma, no ha ik jim hûs ynsegene mei pipernúten!’ Geweldich!!!  

En no, 34 jier letter, ferlitte wy dat hûs en ferhúzje nei Stiens. Mar, tocht ik krekt, soe Sinteklaas dat wol witte? Ea ha ik in Sinteklaasferhaaltsje makke en dat hiet “It nije adres fan Djoeke” It gie oer in famke dat ferhúze nei Stiens. Sy krige neat yn de sok omdat Sint en Pyt har net finen koenen! Gelokkich is dat wer goed kommen mar, tocht ik lêst, hoe soe it aanst by ús komme, soenen se ús wol fine kinne? No moatte je fansels as skriuwer altyd wer nije ferhaaltsjes betinke en dêrom betocht ik no om ús nije adres mar ûnderoan yn dizze column fan de Stienser te setten. De Sint sil de Stienser fêst wol lêze want dêr stiet ommers in hiele soad reklame yn en Sinterklaas hâldt fan goedkeape kadootsjes. Dat is eins noch krekt sa as doe ik lyts wie en hy de memmen, beppes en tantes oan it breidzjen sette. En dan moatte we mar ôfwachtsje as hy ús ek fine sil yn Stiens.  Wy binne trouwens wol fan plan om yn Stiens in hiele soad Sinteklaasferskes te sjongen, want miskien hearre Sinteklaas en de Piten ús dan wol en komme se wol del. 

Sa as jo op de foto sjen kinne ride wy drekst Hijum út en dit wie dan ek de lêste column út myn berteplak. Lykwols de oare kear komt der in nije column hear, mar dan fan ôf ús nije adres oan de Wylpstrjitte 1E  te Stiens. Oant dan en alfêst in fijne pakjesjûn tawinske! 

Etie Pasma, Hijum 2022