Algemeen

As men oer de Troelstrawei Ljouwert ynkomt, stiet der op in gegeven momint in snelheidsmeter oan de rjochterkant. Krekt sa is it, as men Ljouwert wer út riidt. Riidt men hurder as 50, dan binne de sifers read en sjocht men in read gesichtsje mei de mûlshoeken nei ûnderen. Riidt men 50 km of minder, dan lit in laitsjende smiley syn kopke sjen. Jim kinne it fêst wol.

No kom ik dêr de lêste wike geregeld lâns. En ik betraapje my der op, dat ik stadiger begjin te riden, as ik yn de buert fan it mjitpunt kom. En dat ek oaren dat dogge, murk ik fan ‘e middei, doe’t ik efter immen oan ried, de stêd út, dy’t de sokken der aardich yn sette. Mar yn de buert fan de smiley peal remme er ôf, en ja hear, hy (of sy fansels) krige in dikke smile. Om it mar ris yn goed Frysk te sizzen. En krekt sa soarge ik der foar, dat ik ek gjin read popke te sjen krige.

It wurket dus toch. Der wurdt ôfremme, teminste troch in oantal minsken. Ik riid ek wolris lâns sa’n read gefal, want ja, op de Troelstrawei is it noch even wennen oan de 50, nei de 80 fan de dyk dêrfoar. Mar dochs besykje ik no hieltyd dy giele freonlike smiley yn it fesier te krijen.

It is fansels ek hiel logysk. Want wy wolle no ienkear, dat wy it goed dogge. Wy wolle no ienkear komplimintsjes krije. Wy wolle no ienkear befestiging hawwe, dat wy aardich binne.

De smiley jout ús in freonlik glimke fan goedkarring. Prima dien, do bist in besten!

Wy libje sa stadichoan yn in wrâld fol symboalen. Under ús appkes sette wy soms in hiele trits symboaltsjes, om mar útdrukking te jaan oan wat wy fiele. Wat soms net iens ûnder wurden brocht wurde kin, kin mei in pear symboalen dúdlik makke wurde.

No’t Nico yn it sikehûs leit, en ik elke moarn nei in hiele protte minsken in “update” stjoer, wit ik pas wat dy symboalen sizze kinne. Soms krij ik allinne mar as andert in hartsje, of in pear biddende hannen, in tomke omheech, of ja, in smiley. 

Dan binne wurden net iens mear noadich, al wol ik dêrmei net sizze dat wurden ûnnoadich binne. Mar soms wit men net mear wat te sizzen, en dat hoecht dan ek net. In smiley betsjut, dat der goed nijs is, en lokkich komme der wer hieltyd mear smileys. Nei in pear tige kritike dagen, krabbelt Nico no wer omheech. En kinne der elke dei mear tomkes omheech en breedlaitsjende smileys ûnder de appkes. Allinne litte kin ik him noch net, dus myn wrâld beheint him op it momint ta de sikehûskeamer en de kofjekeamer en de gong dêr om hinne. En sa no en dan in ritsje nei hûs om gau wat te waskjen. Yn de regel as der middeis besite is.

Mar ik kom dan elke kear wer by dy smiley lâns op de Troelstrawei, en doch myn bêst om dy brede glim ek te fertsjinjen.

It docht sa’n protte, in fleurich en bliid gesicht. Sels al is it net iens in echt gesicht. 

Echte gesichten kom ik hjir yn it sikehûs fansels wol tsjin. En ek dy litte oprjochte blidens sjen, as it better giet as de dei der foar. De ferpleging libbet yn spanning mei, foaral as it dan earst net sa bêst liket. En it wie even goed spannend foar it wykein. Snein kaam de deitsjinst enthousiast mei de jûnstsjinst oansetten. “No moast ris sjen, hokker ferskil as der is mei juster!” Blide, opteine gesichten.

En dat makket fansels des te mear, dat men jin gjin nûmer fielt, mar in minske dat sjoen wurdt.

Smileys, ek yn it sikehûs. Ik sykje se op yn de lytse mo-   minten op it heden. Appkes, kaarten, tillefoantsjes, freonlike ferpleging. Mar ek de giele titelroazen dy’t ik sjoch ûnderweis. De blauwe drúfkes en de fioeltsjes yn de binnentunen hjir. De forsytsia dy’t folop yn bloei stiet, de sinne dy’t my krekt even wat waarmte jout, as ik even thús bin en achterhûs stean.

 

In gebaar, in pear earms om my hinne, der binne safolle smileys dy’t foarby komme.

Hoe as it fierder giet, witte wy net, mar wy nimme elke dei mei. 

Wy binne net allinne, der steane safolle minsken om ús hinne. Ien grutte smiley.

En ik soargje der foar, dat ek de smiley op de Troelstrawei giel bliuwt   

 

Aeltsje de Groot