Algemeen

Fan ‘e wike rûn ik in blok om. Ik kaam Koarnjum yn.  Stilte. Allinne wat fûgeltsjes te hearren, fierder gjin gelûd. Ek gjin mins te sjen trouwens. 

Doe’t ik yn de buert fan Martenastate kaam, waard it wol oars. It getimmer, geboar en gedril yn de pleats dêr, makket wol in hiele protte kabaal. Mar ienkear yn de bosk wie dat gelûd ek al gau wer fuort.

 

Ik moast tinke oan it doarp dêr’t ik opgroeide, Doanjum. Mear as 300 minsken sille der net wenne ha yn dy tiid, ein 50-er en begjin 60-er jierren. Dochs wie it noait stil. Wy wennen net sa fier fan de timmerman ôf. En yn myn belibbing wie der altyd aksje yn dy timmerskuorre. It lûd fan de 

seage wie hast altyd te hearren. Of it geklop fan de hammers. Altyd wiene der minsken, yn en om de wurkpleats. Neist ús wie de bakker. Ek dêr wie ek altyd wol wat te dwaan. Geregeldwei stapte der immen de bakkerij yn foar in praatsje. Dan hiene wy noch in smid, mei syn fjoer midden yn de smidse. Hynders dy’t beslein waarden, weinhoepels dy’t yn it fjoer leine en rûn slein waarden. 

Altyd en oeral wiene der minsken. Ek al wie it in doarp mei net folle winkels, dochs wiene der altyd wol minsken ûnderweis.

 

En ek de skoalle joech fansels levendichheid. Foar skoaltiid, yn it skoft en ek nei skoaltiid wie der altyd aksje op it skoal-plein. Der wie ek in perk op dat plein ferve, dus der waard faak keatst bûten skoaltiden om. 

Dit ferhaal is net nij. Wim Sonneveld besong it jierren lyn al yn syn evergreen :”Het Dorp”. Underwilens is it doarp út de tiid fan dat liet al wer nostalgy...

Wy hoege it ek net romantysker te meitsjen, dan as it is. Want it libben wie foar de measte ynwenners doe gewoan in libben fan hurd wurkje foar net te folle jild. Froulju wiene thús en harren libben spile him foar it grutste part ôf binnen dy lytse doarpsmienskip. Gjin wûnder dat elk hast wol by in frouljus feriening wie, of by de plattelânsfroulju. Dat wie in ôflieding dy’t kleur en fleur brocht yn it libben. It libben spile him ek folle mear bûten ôf as no, teminste as it waar goed wie. It “praatsje oer de hage” wie de normaaltse saak fan it libben. As men de film út 1954 sjocht, dy’t doe oer en yn Stiens makke is, hat men it idee, dat it hiele doarp op strjitte libbet. Mar dat sil ek wol fanwege it filmjen west ha, in bisûnderheid yn dy tiid fansels.

 

Wy freegje ús hoed de dei faak ôf, hoe as it no allegearre fierder gean sil. De frouljus ferienings, de plattelânsfroulju (omdoopt yn “Vrouwen van Nu “), it bestiet noch wol. Mar de jongste leden binne yn de regel ek al dik yn de 60. In hiele protte fan dizze ferienings binne al opgongen yn in grutter gehiel, of hielendal ophâlden. De muzykferienings, elk doarp hie der wol ien, se ferdwine ien foar ien. De skoal-le: lang net mear elk doarp hat syn eigen skoalle, ek dêr is fúzje faak de iennigste oplossing foar it fuortbestean.

 

Dochs hawwe wy der ek wol wat foar werom krigen: rêst en stilte. Dat ha wy hjir no krekt op it plattelân wol. En krekt dat kriget no folle mear wearde. Yn in tiid mei oan de iene kant in ferskriklik protte prikkels, lawaai, drokte, oerbelesting, en oan de oare kant de doarpkes dy’t sa oergryslik stil wurden binne. Wy libje yn in tiid mei grutte tsjinstellings. Foar minsken dy’t rêst sykje, is dat gelokkich noch te finen. 

Ik kin mei weemoed werom tinke oan dat doarp út myn jeugd. Mar tagelyk wit ik ek, dat dat der gewoan net mear is. Dat tiden feroarje, en dat dat altyd sa west is. Dat it no ek goed is. Dat wy hjir yn frede mei elkoar libje kinne. Dat wy hjir rêst hawwe en stilte. Dat men in kuier meitsje kin, mei allinne de lûden en de reuk fan de maitiid om jin hinne. En it praatsje meitsje ik ek noch geregeld, al is dat net mear oer de hage. Der sille dingen ferdwine. “Vrouwen van Nu”: miskien oer 10 jier al “Vrouwen van Toen”. Mar net oeral is it kommer en kwel by ferienings. Doarpsbelang is sa’n feriening wert it “belang”wol fan ynsjoen wurdt. En gelokkich binne der dan wer jongere minsken dy’t har dêr foar ynsette wolle