Algemeen

Freonen fan ús hâlden earder op mei wurkjen, en sketsten dan it byld fan harren moarnsritueel: even rêstich ite, de krante lêze, en de púzzels oplosse. En dan wie it ek hast al wer kofjetiid… Fansels wie dat in ritueel, dat wy heechút op in frije tongersdei hiene, mar oan’t in jier lyn wie dit noch in “ver van mijn bedshow”. 

Oan’t ik ferline jier mei pensjoen gie, en Nico fan seis dagen yn de wike nei trije dagen yn de wike wurkjen gong. Doe sieten wy hjir ek tsjinoer elkoar mei de krante en losten wy de púzzels op, Nico de boppeste sudoku en ik de ûnderste. Ynienen wiene wy ek (gedieltelik) fan dy pesionades, dy’t de tiid oan harren sels hiene. Ik moast der even oan wenne, mar no, in jier letter, foldocht dat libben my skoan. 

Sa stadichoan bin ik aardich ferslingere rekke oan it oplossen fan sudoku’s, dus it boekje mei púzzeltsjes sit altyd yn myn tas. It wie de lêste tiid in aardich tiidferdriuw. Yn it sikehûs is der fierder ek net safolle te dwaan. 

No is it sa, dat der ferskillende gradaasjes binne. De “maklike” binne fijn foar even der tusken troch, mar de trije- en fjouwerpunters kostje al mear muoite. En ik seach, dat der noch folle slimmere útfierings binne, dus dat wurdt noch wolris in útdaging. Mar foarlopich hâld ik it mar by de lêste twa gradaasjes. Soms slagget it frij flot, mar it wol ek wolris totaal net. Dan bliuw ik hingjen, en kom ik totaal net fierder. Wat ik ek besykje. Fan boppen nei ûnderen, fan links nei rjochts, per blokje, nergens in útwei.

Ut ervaring wit ik, dat men dan ek better mar ophâlde kin, it wurdt him dan ek net mear. Pak it letter wer op, en ynienen is dêr dochs in siferke, wat ynfulle wurde kin. En nei dat iene siferke komme der ynienen mear, en op in gegeven momint is it klear en kloppet it ferhaal.

Ik wol dit eins brûke as in metafoar foar it libben. It libben is soms ien grutte púzzel, mei allerhande getallen dy’t op it goede plak ynfuld wurde moatte.

En hiel faak giet dat fansels, falle de stikjes (of yn dit gefal de sifers) fansels op it goede plak yn elkoar. Dat binne ek de maklike púzzels, de nûmers ien en twa. 

Mar elk wit, dat it libben net allinne út maklike púzzels bestiet. Soms krije wy in gradaasje fjouwer of heger foar de kiezzen, en is it in toer om alle cifers yn de fjouwerkantsjes te krijen.

Nico en ik sitte no yn sa’n fase. En wy witte eins even net mear hoe as wy dizze púzzel oplosse sille. As ik oan de sudoku tink, dan wit ik, dat ik de púzzel gewoan even oan de kant lizze moat. As ik der oer in skoftsje nei sjoch, komt de oplossing. 

As it sa wurket mei dizze púzzel, wit ik noch net. Ik tink it eins wol. Alles wurdt, hoe dan ek op lost. Elke púzzel, hoe yngewikkeld ek, hat in oplossing.

Dus tink ik, dat ik inderdaad mar alles even neist my del lizze moat, en it libben nimme moat sa as it foarby komt. Ek al giet dat net, sa as ik dat wollen hie.

In sudoku kin mar op ien menier goed ynfuld wurde. De púzzel dy’t ús no foarlein wurdt, kin mar op ien menier ynfuld wurde. Hoefolle tiid as dat nimme sil, wy witte it net. Wy hoopje dat wy noch tiid krije, genôch tiid, om alles goed ôf te meitsjen. 

Dit wurdt yn elk gefal foarlopich dan myn lêste kollum. Ik hoopje, dat ik yn de takomst noch in protte kollums foar jimme skriuwe mei, want ik doch it mei in protte plesier. Op dit momint binne der oare dingen belangriker. Wy hoege de púzzel net allinne ôf te meitsjen. Us bern, famylje, freonen en noch safolle oare minsken, libje mei, binne der, as wy se nedich ha. Binne yn gedachten by ús. Safolle waarmte, safolle omtinken. 

Dêrtroch kinne wy troch gean. Dit is in sudoka 8.0. Minstens. Mar wy sille him oplosse...

 Aeltsje de Groot