Algemeen

Noch in lêste ferhaaltsje oer ús Hiske dy ús swarte labrador Bessie as har foarbyld seach. Lykwols bûten kaam se ek oare bisten tsjin sa as de boarre fan de buorlju dy wol tsjin ús hage sproeide. Sy tocht dat soks sa hearde en Hiske soe Hiske net wêze as se dat ek net besykje soe. 

Se gie dan nei dy hage, die de sturt omheech en liet har achterliif omraak trilje. Mar hoe se har bêst ek die, der kaam neat út en ik sil jo earlik sizze dat ik dêr bliid om wie, want letter die se dat ek wol ris yn ‘e hûs!

Yn ‘e maitiid kamen der oare boarren op besite dy op frijersfuotten wienen. Mar ús Hiske is holpen, hie dy gefoelens net en snapte neat fan harren bedoelings. Sy tocht dat se mei har boartsje woenen, mar boartsjen, dat hienen dy boarren net yn it sin. Dy wienen bot fereale, draaiden om har hinne en besochten sa har efterein te berikken. Mar dat like Hiske wol op fleanen, sy wie dan net foar de poes en biet fan har ôf. 

En doe, op in kear, makke se in protte misbaar efterhús. Wil hearde it, rôp my en dêr lei se, sa te sjen mei in stikkende poat. We tochten, dit komt wol wer klear, want in kat dy ‘t nei in ûngemak thúskomt wurdt meast wol better. Mar der moast wol wat oan gebeuren dus skille ik de bistedokter. Wy koenen drekst komme mar krigen we net sa ‘n moai bericht.

Der mankearde fan alles oan, de poat en de sturt moasten derôf mar, wat slimmer wie, har efterein wie ferbrizele. Se koe dus niks mear ophâlde en dat seagen en rûkten wy ek.

‘As it myn bist wie soe ik har ynsliepe litte!’ sei de dokter.  SKRIK!!! Mar wat dogge je dan? Je sette je eigen gefoelens oan ‘e kant en dogge dat wat moat! Wylst dokter de spuit klearmakke aaide ik har oer it kopke en sei wat ik alle jûnen tsjin har sei as ik har nei it sliepplak brocht: ‘Hiske, piske, poeske, lekker koese!’ Doe wy har krigen hat se ien kear yn ‘e hûs pisse en doe sei ik: ’Foei, Hiske piske poeske!’ Dy wurden koe se dus. Se hie it kopke noch omheech en doe ik op hold mei aaien, mar myn hân neist har lizze liet, lei se har kopke yn myn hân. 

It wie as joech se har oer. Wy ha har mei nei hûs nommen en dêr hat ek Bessie ôfskie fan har nommen. Dy hat har hielendal besnuffele, woe har wekker meitsje en besocht har kop mei de snút op te tillen. Wy koenen sjen dat sy oandien wie, want har slappe earen hongen noch slapper as oars. Sa stie se der ek by doe ‘t we Hiske yn ‘e tún begroeven en as ik har letter frege: ‘Wêr is Hiske?’ dan rûn se nei it grêf en rûkte oan de grûn. In útspraak fan my, oer dit bysûndere bist, wie: ‘Oer ús Hiske kin ik wol in boek skriuwe.’ En sa wie it ek, mar… it boek is út, want ús Hiske is net mear!

Wol kaam der wer in nij poeske, ek in skat fan in bist en ek har neamden we Hiske. Spitich genôch mochten we har net lang by ús hâlde. Wy beide binne sljocht op katten en wienen noch mar krekt troud doe we ús earste poeske krigen en altyd ha we ien of meardere hân. Nei Hiske nûmer twa ha we beslúten om net mear ien te nimmen, want in poes hat de gewoante om je foar de fuotten te rinnen en omdat ik net mear sa stevich op myn fuotten stie foel ik dêrtroch wol ris. Ek troch oare dingen lei ik soms samar oer de grûn en nei tweintich jier fan fâlen en wer opstean en fan de iene dokter nei de oare te reizgjen, foel it kwartsje, sa as ien fan myn freondinnen sei, en kaam der út dat ik ms hie. It spyt ús dat we net mear in poeske ha kinne en dêrom binne wy bliid as de katten fan de buorlju om ‘e hoeke komme. Sy komme faak del as ien fan ús bûten is en as we de bûtendoar net ticht dogge binne se hjir yn ‘e hûs. Ek steane se sa wol foar de glêzen skodoar te sjen as we der noch wol binne. Geweldich! No is it krekt 14 febrewaris west, in dei fan kadootsjes foar ien wêr je fan hâlde.  Miskien witte jo dat katten, in proai dy se net op ite, wol as kadootsjes thús bringe.

Alhoewol se fêst neat witte fan “Valentijnsdag” ha de katten fan de buorlju hjir lêst wol twa kadootsjes brocht. Wil fûn se efterhûs. It wienen in deade mûs en in deade rôt. Se ha dit fêst út leafde by ús brocht! En wat is der no moaier as de leafde? Want as it no om minsken, bisten of om ús wrâld giet, wy kinne net sûnder leafde

Etie Pasma, Hijum 2022