Algemeen

Miskien in wat frjemde titel mar omdat we op 't heden in soad lêze en sjen kinne oer Corona, en alles wat dêr mei te meitsjen hat, woe ik it dizze kear mar ris oer 'wat oars' ha en dat binne twa ferhaaltsjes, út de âlde doas, dy 't wier bard binne.

Foto is makke yn febrewaris 2021 op de Feinsumerbrêge.

 

De earste moast ik oan tinke doe 't we lêst in prachtich moai lyts winterke hân ha. No bin ik net de ienige dy 't sa no en dan efkes werom giet yn 'e tiid want yniens waarden doe Wiebe Wieling en Reinier Paping útnoege yn in praatprogramma op de tillevyzje, omdat se dêr al tochten oan in âlvestêdentocht, wylst dat echt noch net koe. Hawar, dat earste ferhaaltsje barde jierren ferlyn, op in winterske dei, tusken kryst en âld en nij.

It iis lei tsjok yn de fearten, wie spegelglêd, mar it wie wol âlderglûpenste kâld. In famyljelid, út Frjentsjer, woe mar op redens de feart út en hie him der goed op oanklaaid  mei ekstra klean, dûbele sokken en sa fuorthinne.  Ien tear plakje hie er lykwols fergetten en wat fierder as er kaam, wat kâlder dat plakje oanfielde. Hy hie yn 'e gaten dat it dêr sa net klear kaam en dêrom die er, oan 'e kant fan 'e feart, ien sok út en lei dy waarme sok om it kâlde plakje hinne. Omdat er tocht dat dy iene sok miskien net genôch wie lei er dy fan de oare foet der ek noch omhinne. Dat skeelde aardich mar no wienen syn fuotten wol kâld wurden, dus die er gau syn noren wer oan en sette de 'sokken deryn' om himsels wer waarm te riden.

Dat gie sa bêst as wat. Al fierder en fierder streke er fan hûs en sa kaam úteinlik terjochte op de Feinsumerfeart. Hy fûn dat syn reis doe lang genôch west hie en omdat pake en beppe yn Hijum wennen bûn er him ôf by de Feinsumer brêge en draafde, omdat er gjin fuotark by him hie, hoasfuotlings fan Feinsum nei Hijum. Dat wie net sa noflik en hy kaam dan ek hast mei befêrzen fuotten by pake en beppe oan.

Neidat hy dêr opwaarme wie moast er, troch beppe har kofje, nei it húske en dêr wie er och sa bliid dat alles it noch die!

Omdat er net werom woe op redens ha syn neisten him mei de auto út Hijum helle en dy krigen it hiele ferhaal letter te hearren. Tsjin pake en beppe hie er niks sein, mar de famylje hold it net stil en sy fertelden it yn geuren en kleuren troch. 

Sa krigen pake en beppe en wy it letter te hearren en sa kinne jo it no ek lêze. En dat is moai, want no kinne jo dêr, as it wer winter wurdt, jo foardiel mei dwaan en der fan leare om winters alles goed te beskermjen en de wetterlieding, mar foaral ek jo eigen wetterlieding, net befrieze te litten!

 

It twadde ferhaaltsje kaam my yn it sin doe ik lêst oeral mei grutte letters 'SALE' stean seach.  Sa hyt dat no, mar it is gewoan itselde as wat wy earder de útferkeap neamden.

Yn dy útferkeap, jierren ferlyn, joech de âlderwetske winkelbel fan de Museum Winkel te Ljouwert, wêr ik frijwilliger wie, oan dat der in klant yn kaam.  It wie in fêste klant dy 't, mei har man en dochter, om in bakje kaam. De beide froulju hienen de hannen fol mei tassen en ploften wurch op in stoel del.

'Hé juh, no earst in bakje kofje en in stikje oranjekoeke, dêr binne we wol oan ta, ' sei de frou. Wylst de kofje helle waard makken se de tassen leech en lieten de ynkeapen sjen.

It wienen jassen, truien, sjaaltjes, broeken en gean sa mar troch.  Folle gjin genôch! It waard dêr yn de kofjekeamer in hiele moadesjow en ik moat earlik sizze, de froulju hienen wol  smaak, want alles wie en stie like moai en de wurden: ' Prachtich! Moai hear!' en 'Gjin jild!' wienen net fan 'e loft.  Doe 't alles wer yn de pûden siet en se alle trije in twadde bakje kofje foar har hienen foel myn each op de man. Hy hie net oan it sjowen mei dien en dêrom frege ik him: ' En jo, ha jo neat krigen?' ' O jawol hear.' sei er ' Foar my ha se in lape spikerstof kocht, foar 8 Euro. Ek gjin jild! Dêr moat in nije spijkerbroek fan makke wurde, dat koe der noch krekt ôf, moast mar tinke.' Hy lake der in bytsje soer by en knikte my ta as woe er sizze, " Ja, sa giet it no ien kear by ús!" Och hea, je soenen hast begrutsjen mei de man krije. Mar ik koe him wol in bytsje en ik wist dat hy der by tiden smout by komme koe en je dan ek graach wat wiismeitsje mocht. Dêr kaam noch by dat hy der, knap yn it pak, as in hear by siet en dat hy dus, neffens my, beslist net oan krapperein kaam. Dêrom tink ik dat dit ien fan syn grapkes wie en net 'wat oars'!   

Etie Pasma, Hijum 2021