Algemeen

Echte Bakker de Groot mei nije ovens klear foar de takomst

Echte Bakker de Groot oan it Achterbosk yn Stiens hat twa nije ovens oanskaft. De âlde ovens wienen oan ferfanging ta. 

Bakker Niels van der Wal, eigener fan Echte Bakker de Groot, foar de nije ovens.

Ôfûne tongersdei binne de nije ovens plaatst en fanôf freed kin der wer folop bakt wurde yn de bakkerij. Sneon 17 septimber is begûn mei de ferbouwing, nei de produksje fan dy dei. Fia it dak binne de âlde ovens mei in hijskraan út de bakkerij helle. Hjirnei is it dak tichtmakke troch it neistlizzende boubedriuw. De flier is stoarten en dizze koe de sneins moai droegje. Moandei is begûn mei de opbou fan de nije ovens. Dizze binne troch de ovenbouwer út de bakkerij branche opboud. De nije ovens binne san 20% suniger als de âlde. Dermei hopet Echte Bakker de Groot klear te wêzen foar de takomst en kin sa eltsenien yn Stiens en omkriten noch lang fan lekkere dingen foarsjen  

Sjoch de oanbiedings op side 2