Algemeen

Ekstra foarstelling ‘Turks fruit’
op 4 july

Iepenloftspul Dronryp bringt dit jier Turks fruit op ‘e planken. De foarstellingen op 21, 26, 28 en 29 juny en 5 july binne al hielendal útferkocht.

Foto: Klaas Koopmans

Turks fruit fertelt it ferhaal fan de heftige leafde tusken byldhouwer Erik en Olga. Olga komt úteinlik oan de gefolgen fan in harsentumor te ferstjerren. Skriuwer Dick Jansen rûn al langer mei it idee om, om fan Turks fruit in Frysktalige teaterferzje te meitsjen. Lang om let hat hy it nije stik foar it Iepenloftspul Dronryp skreaun dêr’t sang en live muzyk in wichtige rol yn spylje. It skript is basearre op it ferneamde boek fan Jan Wolkers en de populêre film fan Paul Verhoeven. Fierder binne der yn de ferhaalline brieven ferwurke dy’t Wolkers skreaun hat yn de perioade fan syn libben wêr’t hy letter it boek ‘Turks fruit’ oer skreaun hat. Yn it stik wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea en hertstocht elkoar ôf.


Kaarten foar de ekstra foarstelling op 4 july binne fan no ôf te bestellen fia de webside: iepenloftspuldronryp.frl.