Algemeen

Enerzjyprogramma grutte stimulâns Fryske enerzjytransysje

It nije Fryske enerzjyprogramma 2022-2025 moat in flinke triuw jaan oan de enerzjytransysje yn Fryslân. Mei wichtige pylders as enerzjybesparring, lokale inisjativen en nije waarmteboarnen wol it provinsjebestjoer in ekstra ympuls jaan oan it duorsumer meitsjen fan it Fryske enerzjyferbrûk. Mei de hege enerzjyprizen fan no en de problemen op it elektrisiteitsnet is dy transysje driuwender as ea.

It enerzjyprogramma hat fiif programmalinen, dy 't de plannen oant 2025 útinoarsette. Enerzjybesparring is in hiele wichtige, krekt as ‘Enerzjy yn de Mienskip’, dy ’t fokust op inisjativen út de maatskippij sels. Dêrneist set de provinsje yn op duorsume enerzjyproduksje, waarmtetransysje en ferbettering fan de enerzjy-ynfrastruktuer. Wy sjogge hieltyd hoe 't wy minder enerzjy brûke kinne, duorsum en lokaal opwekke kinne en sitte boppe op de nije techniken lykas gebrûk fan wetterwaarmte en opwektechniken foar elektrisiteit. Tegearre mei gemeenten en ynwenners fan Fryslân wolle wy dat noch better oppakke,” seit enerzjydeputearre Sietske Poepjes.

 

Fûns Skjinne Fryske Enerzjy

It Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) hat in wichtige rol yn it Enerzjyprogramma. It FSFE is ien fan de ynstruminten om duorsume enerzjyprojekten mei te finansieren en dêrmei de doelstellings fan it Enerzjyprogramma te realisearjen. Foar de koarte termyn wol de provinsje it FSFE ynsette foar ûnder oare de stipe fan lokale inisjativen. Foar de langere termyn wol de provinsje ûndersykje oft de rintiid fan dit fûns net ferlinge wurde moatte soe.

 

Untwikkelfinansiering lokale inisjativen

Om de ûntwikkeling fan lokale duorsume enerzjyproduksje te stimulearjen, komt de provinsje mei de ûntwikkelfinansiering LEI-Fryslân (Lokale Enerzjy Inisjativen). Dêr kinne enerzjykoperaasjes yn de ûntwikkelfaze fan harren projekt mei stipe wurde. It giet om projekten op it mêd fan sinne- en wynenerzjy, opslach, biomassa, waarmte of in kombinaasje dêrfan, dy’t de heine omkriten daliks fan de opbringst mei profitearje litte. Foar de finansiering is € 3 miljoen beskikber en it rint fia it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE). De regeling sil begjin takom jier iepensteld wurde.