Algemeen

Fêst plak foar ynwennerspartisipaasje by provinsje Fryslân

Inisjativen fan ynwenners fan Fryslân soargje foar oare fragen oan de provinsje. Om better oan te sluten by ideeën en inisjativen út de mienskip komt de provinsje Fryslân no mei nij belied om ynwennerspartisipaasje in fêst plak te jaan yn syn manier fan wurkjen. Kommissaris Brok: “It mear benuttigjen fan maatskiplike tinkkrêft kin soargje foar kwalitatief bettere plannen, mar ek foar mear belutsenens en betrouwen fan ynwenners yn de Fryske demokrasy”.

Om resultaten behelje te kinnen is it mei-inoar oppakken fan útdagings op it mêd fan enerzjy, wenje en wurkje, natuer, lânskip, lânbou en wetter fan hieltyd grutter belang. By it meitsjen en útfieren fan provinsjaal belied wurdt dan ek faker mei ynwenners gearwurke, lykas by de planfoarming foar it gebiet Hege Warren. Mar net allinne de oerheid, ek ferienings, merkpartijen of stichtingen sels komme faak mei inisjativen om Fryslân te fersterkjen, lykas bygelyks Holwert oan See.

 

Nij partisipaasjebelied

Feroarjende ûntwikkelingen yn de Fryske mienskip freegje dêrby om in helder perspektyf op partisipaasje. Wat is partisipaasje? Hokker foarmen binne der, wat is it doel? Wat is dêrby wichtich? Hoe kinne ynwenners meidwaan en ynfloed útoefenje? Mei it nije provinsjale partisipaasjebelied ‘Mei-inoar wurkje oan in moai en sterk Fryslân’ wol de provinsje helder fêstlizze hoe’t sy op tagonglike en ferskate wize stal jaan wol oan partisipaasje. Hoe kin de provinsje de tinkkrêft en enerzjy út de mienskip wei mear benuttiigje by it wurkjen oan maatskiplike fraachstikken?

 

It nije partisipaasjebelied ‘Mei-inoar wurkje oan in moai en sterk Fryslân’ rint dêrby foarút op nije wetjouwing. Yn 2023 wurdt it omtinken foar partisipaasje yn nije wetten ferankere: de Omgevingswet en de Wet versterking participatie op decentraal niveau. Ek oangeande de digitale tagonklikheid fan oerheidsynformaasje is der nije wet-jouwing. Under oare de Wet Open Overheid, dy’t better tagonklike oerheids-ynformaasje easket. Dat giet om begryplik taalgebrûk, mar ek oer it rekken hâlden mei de tagonklikheid fan ynformaasje foar ynwenners mei in fisuele of fysike beheining.

 

Yn it nije belied binne ferskate aktiviteiten foarsteld. De provinsje wol sa yn oerlis mei Provinsjale Steaten, Streekwurk/IMF, oare oerheden, biblioteken, ûnderwiis en arbeidsmerkregio eksperimintearromte biede om mei pilots (digitale) ynklúzje en boargerskip oan ‘e gong te gean. Ynwenners fan Fryslân moatte de mooglikheid hawwe om as sy dat wolle, meidwaan te kinnen by it kommen ta of it útfieren fan provinsjaal belied dat harren rekket.

 

Ek sil der in kennisnetwurk Partisipaasje opset wurde dat oanslút op al besteande learnetwurken en opdiene ûnderfining. Yn oerlis mei Provinsjale Steaten sil dêrneist yn it kommende jier it digitaal partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân, dat earder dit jier úteinset is, fierder ûntwikkele wurde as in foar ynwenners werkenber plak foar digitale partisipaasje.

 

Ien oerheid

It yn de praktyk hieltyd mear wurkjen as ien oerheid freget dêrby dúdlikens oer de rolferdieling tusken oerheden by partisipaasje. Kommissaris Brok: “Foar ynwenners makket it echt net út oft de gemeente of de provinsje yn oparbeidzjen mei harren in taak oppakt. Dêrom is it fan belang ek as it om partisipaasje giet, dat wy as Fryske oerheden foar de ynwenners safolle mooglik op grûn fan ús eigen ferantwurdlikheden inoar’s krêft en kennis benuttigje”.

 

De basis fan it provinsjale partisipaasjebelied waard ek lein yn gearwurking mei meardere Fryske gemeenten en it Wetterskip. Fierder leveren jongerein, inisjatyfnimmers, steateleden en saakkundigen ynbring oer wat wichtich is by it wurkjen oan goede partisipaasje.