Algemeen

Fryske Kultuer Talkshow: folhâlde en plannen meitsje

Hoe stiet de Fryske kultuerwrâld derfoar nei in jier koroana? Wat is der allegearre mei teaters en kultuermakkers bard? En hoe sjogge hja nei de takomst? Op freed 21 maaie komt it allegearre oan bod yn de Fryske Kultuer Talkshow: in online talkshow fan skouboarch de Lawei yn Drachten út, presintearre troch Roelof Lousma. Tegearre mei deputearre Sytske Poepjes sil hy mei ferskate gasten út de kulturele wrâld yn petear.

Makkers, muzikanten, teaterdirekteuren en produsinten fertelle hoe’t sy de koroanakrisis yn it ôfrûne jier trochkommen binne. Hja prate oer hokker tûkelteammen se tsjinkamen en wêr’t hja krekt kânsen pakt hawwe. Ek diele se nije plannen dy’t sy ûntwikkele hawwe. Te gast binne ûnder oaren Emiel Stoffers fan De Hûnekop, Stef Avezaat fan de Lawei en Wybren Buma fan Theater Sneelk, dûnsselskip Ivgi&Greben, de Cloudsurfers, teatergroep Homsk, David Lelieveld fan produksjehûs Pier21 en komponiste Karmit Fadaël. Floris de Gelder fan Arcadia (LF2028) is presint lykas festivaldirekteur Eva van Netten (Welcome to the Village) en útgeand direkteur Bert Looper fan Tresoar.

 

De talkshow is op freedtejûn 21 maaie om 19:00 foar elkenien online te folgjen fia de link: https://www.lawei.nl/pQ81vtw/fryske-kultuer-talkshow