Algemeen

Fryske soarchsektor en boargers sjogge nei takomst

De soarch yn Fryslân sil yn de kommende jierren oars organisearre wurde. Dêroer wiene de 175 dielnimmers oan de konferinsje ‘Oars omgean mei Sûnens’, dy’t organisearre waard út de bestjoerstafel Seker en Sûn wei, it unanym iens. Troch organisaasjes yn soarch en wolwêzen, regionale en lokale oerheden en oare belutsenen waarden knipepunten en ideeën dield. Om sa om mei-inoar te soargjen foar mear previnsje, bettere selsredsumens, it mear mei elkoar oprêde en benammen: it soargjen foar bewustwêzen by de Friezen dat sy sels oan set binne om it libben sûn en sosjaal yn te rjochtsjen.

Wy steane mei-inoar foar in grutte opjefte: de soarch en stipe dy't wy oant no ta wend binne te krijen, sille yn de takomst net yn deselde foarm beskikber wêze. Dat komt troch de oprinnende soarchfraach en it tekoart oan arbeidskrêften. No al hat Fryslân in tekoart fan 2.100 meiwurkers yn de soarch. "Dat aantal zal binnen tien jaar oplopen naar 6.700", ferwachtet Martin van Iperen, direkteur fan Zorgplein Noord.

 

In ienfâldige oplossing bestiet net, sa seit Marleen Dirkzwager-Kraaij, dokter en lid fan de Raad voor Volksgezondheid en Samenleving. Mar liedende prinsipes foar hâldbere soarch binne der wól. “Us mindset is de grutste stap. Wy moatte folle iepener, faker en earliker it petear fiere. Wannear hast kwaliteit fan libben, wannear giet it te fier om konstant swiere soarch te bieden en hoe sille wy ús maatskippij sa ynrjochtsje dat wy nei inoar om sjen kinne? En, wurkje asjebleaft net út wantrouwen wei mar bertrouwen."

 

Dat waard befêstige troch in emosjonearre ambulânseferpleechkundige. "Wy reanimearje no minsken op hiel hege leeftiid. Ride rûntsjes mei kwetsbere âlderein om't der gjin plak is. Wy prate net oer in goede lêste faze fan it libben. En de helte fan de tiid binne wy dwaande mei ferantwurdzjen en administraasje. Wy geane der yn de soarch oan kapot."

 

Deputearre Douwe Hoogland dielt, as foarsitter fan de bestjoerstafel Seker en Sûn, de soarch om de takomst: “Krekt dêrom bin ik grutsk op it resultaat fan dizze dei. Dizze minsken fiele de urginsje én nimme ferantwurdlikheid om de kwaliteit fan libben yn Fryslân op peil te hâlden.” Net earder waard op dizze wize yn de provinsje tinkkrêft bondele en omset yn konkrete aksjes.

 

Sa wie der breed ferlet fan in bewustwurdingskampanje dêr't wy inoar yn útdaagje om nei te tinken én yn petear te gean oer de drege fragen dy't no foar lizze. Lykas: wat is goede soarch yn tiden fan krapte? Wat kin ik dêr sels yn betsjutte? Earder en better tariede op it âlder wurden fine de dielnimmers fan belang, mar it docht bliken dat soks dreech is. Sa ûntstie it idee foar in sulveren doaze as senior fariant op de blide doaze, dy't jo krije as jo yn ferwachting binne om jo op jo nije libbensfaze ta te rieden.