Algemeen

Doe’t ik eardeis ris troch de foto’s gie op myn pc, kaam ik ek in foto tsjin fan septimber 2013. In foto fan ús drink- en waskbakje foar de fûgels. In foto út de tiid dat it noch gewoan wie dat wy in protte fûgels om ’e doar hienen. Op de foto sit it drinkbakje grôtfol mei mosken. It binne net allinne âldere, mar ek in oantal jonge mosken dy’t harren oan it waskjen binne. 

Mar tusken 2013 en 2025 is der wat it tal fûgeltsjeguod oanbelanget, by ús yn alle gefal, in stik feroare. Allinne al it tal mosken is hurd efterút gien. As ik doedestiids in hânfol sied oer de grûn struide, kaam der fuortdaliks in kloft mosken op ôf. Tsjintwurdich moat ik al bliid wêze as der in hânfol mosken op ôfkomme. Ek it moskje dat eartiids by it dakrútsje har jongen grutbrocht is der net mear by, om’t in stienmurd ek iten ha woe. Mar ek de ka lit it ôf witte nei dat de eigener fan de âld tsjerke in jier as wat ferlyn de tagong nei de skoarstien mei in roasterke ôfsluten hat. De ka hat oant foarich jier alle jierren noch dwaande west om it der ôf te krijen. It is net slagge. 

Dit jier binne se ek wer lâns west, mar binne fuortdaliks troch flein. De protters, dy’t by deselde âld tsjerke ferskate plakken fine koenen tusken de stikkene dakpannen, hawwe ek in pear jier om’e nocht dwaande west om in gat te finen yn de nije dakplaten. Lokkich hat de eigener in stikje dak yn eare holden, mar der binne gjin protters mear. Hja sille it wol ôflein hawwe tsjin de stienmurd. De lysters, dy’t alle jierren wol harren jongen grutbrochten, binne noch sporadysk te trasearjen. Foarich jier haw ik gjin jonge lysters sjoen en dit jier sil it wol net oars wurde.  

De blokmies, wêrfan in nachtdraver foarich jier it nêstkastke leechhelle hie, komt wierskynlik ek net wer. Sy sil mei har jongen de oanfal fan foarich jier wol net oerlibbe ha. Ja, sa sit de natuer ynmekoar. It binne allegear o’s en a’s fan wat de oarsaak hjir fan is. Stikstof, klimaatferoaring, katten en kowestront. Ja, want de boer sil ris net mei de oarsaak wêze dat wy hast gjin mosken en lysters mear om’e doar hawwe. Oer de rôvers dy’t nachts op in paad binne wurdt net folle praat. Dat heart by de natuer.  As ik no moarns in hânfol sied oer de grûn smyt komme der bûten in pear mosken noch twa ferdwaalde postdowen en in houtdo om harren sêd te fretten. De houtdo en syn frou komme om de beurt, want sy sitte al te brieden by de buorlju yn de hege konifear. It sil wol, krekt en gelyk as foarige jierren, wer op neat útdraaie. De akster, spjocht en protter komme sporadysk lâns om efkes fan it potsje mei nútsjesmoar foar fûgels te priuwen.

Wat soe ik graach wolle dat de iene ka wer spul krige mei in oare ka oer in plakje by de âld tsjerke en dat se mei in stik leven by de pannen del rûgelje. Wat soe it moai wêze dat de lysters, dêr’t ik mei prate wylst sy yn ús bushokje sieten te brieden, wer mei harren bern by ús oer it hiem rinne en de bern sa no en dan in stik wjirm yn’e bek triuwe. 

Wat soe it moai wêze dat der wer in moskje neist it dakrútsje syn jongen grut bringt. Ja, wa wit.  Mar it moat jo ek neat ferwûnderje dat as wy in pear generaasjes fierder binne in tal fûgels by ús allinne mar op in plaatsje te sjen binne. 

Plaatsjes, sa as de mosken by ús drinkbakje

hfdp@kpnmail.nl