Algemeen

Halbertsma spilet: 'Opening Night' yn De Smalle Brug Stiens

Einlings is it dan safier; de dream fan Gosse en Maxime giet yn ferfolling; har eigen restaurant.

Kosten noch muoite binne sparre om in unike lokaasje te kreëarjen en om har dream útkomme te litten. It personiel is ynhierd, de koks steane yn de keuken en de betsjinning kin los. Mar is it allegear wol sa goed trochtocht? Yn hoefier ha se yn de hjoeddeiske tiid goed personiel fine kinnen? Hoe giet eltsenien om mei de spanning en de stress fan dizze belangrike iepeningsjûn? Om noch mar net te praten oer mooglik krityske klanten of in strange kulinêre resinsint! In tragy-komysk twa-gongenmenu mei in bitterswiet aperityf. 

Toanielferiening Halbertsma is, dit toanielseizoen, in spannende  útdaging oangien om in selsskreaun toanielstik te meitsjen op  basis fan ymprovisaasjes en eigen ideeën en selsskreaune teksten. 

It resultaat wurdt begjin april oan jim serveard yn de prachtige renovearre achterseal fan “De Smalle Brug” yn Stiens. 

“Opening Night” spilet op freed 8 april, sneon 9 april en snein 10 april. Kaartferkeap fanôf  25 maart by “Primera” Stiens