Algemeen

Minke Westra, in frijfaam fan tsjin de tritich, waard op in jûn, mids novimber, belle troch Foekje har suster dy ek frijfaam wie. Foekje sei: ‘Ik wit it, ik bin wat betiid, mar de tiid fljucht en foar dat we it yn ‘e gaten ha is it kryst. Dêrom woe ik dy alfêst mar útnoegje om de krystdagen by my te fieren, dat is foar ús beide geselliger as allinnich.

As‘t dan yn de rin fan 24 desimber hjirhinne komst dan kinne wij de jûns moai tegearre nei de krystnachtviering.’  ‘Mei kryst seiste? Wat bist sto in ein foarút, ik ha alhiel noch gjin krystgefoel. Sinteklaas moat earst nochal komme.’  ‘Ja, dat is sa, mar as dy wer nei Spanje is en de krystbeammen en de krystferskes oeral wer te sjen en te hearren binne dan komt it krystgefoel fansels.’

‘Miskien wol en ik soe it ek wol gesellich fine, wy tegearre mei de kryst, ik krij der leau ‘k al in bytsje sin oan. Ik sil myn aginda der efkes by pakke. Momintsje!’ song se no fleurich. 

Mar doe ‘t se werom kaam mei de aginda wie har gesicht der net fleuriger op wurden, se pakte de tillefoan wer en sei: ‘Spitich, mar de 24ste sil net gean want dat is op in tiisdei en dan moat ik wurkje.’ ‘Aaa je…, dat mienst net!’ gilde Foekje no oer-stjoer. ‘Hast sto dan net frij?’

‘Ja, wol fan myn wurk, mar net bij de voedselbank, dêr bin ik ommers frijwilliger op tiisdeitejûn! Foar kryst is it in drokte fan komsa sei Jouke, myn baas, lêst. Mar je, wat makket it út, ik kin de earste krystdei doch ek wol komme?’

‘Ja, dat soe ek kinne. Mar binne se dêr dan echt op krystjûn iepen, tinkst sto? Eins leau ik dêr neat fan. Ik soe der noch mar ris nei freegje!’ sei Foekje, dy ‘t oanhold as storein.  Minke sei ta dat se dêr nei fernimme soe, en as se mear wist, soe se har werom belje.  De earste tiisdeitejûn dat se wer nei it frijwilligerswurk wie stapte se drekst mar op Jouke ôf en frege hoe it op 24 desimber kaam. 

Dy pakte syn aginda derby en sei:‘Dy jûns bin wy ticht fansels, want dat is it krystjûn, mar de tiisdeitemoarn binne wy al iepen en dan koe it wolris smoardrok wurde en dêrom soe ik graach wolle datst dan komst. Soe dat kinne, de moarns fan 9 oant 12 oere?’ Minke wie al lang bliid dat se dy jûns frij hie en sei gul ta dy moarns te kommen.  

Letter dy jûn belle se har sus en sei dat se de jûns fan de 24ste net hoegde te wurkjen en dat se dan op de neimiddei komme soe en dêr wie Foekje hiel bliid om. Mei folle nocht die Minke har frijwilligerswurk alle tiisdeitejûnen. Se hie aardige kollega’s en de klanten wienen altyd bliid mei it gratis iten en drinken. Op in kear seach se har oerbuorfrou Betty deryn kommen. Betty wie in allinnich steande mem mei twa bern. Jacob, fan in jier of fiif-seis en in famke dy ‘t noch yn in rinweintsje siet. It wie dúdlik dat Betty foar it earst kaam, want se seach skichtich om har hinne en doe ‘t se Minke seach draaide se har om en rûn der út. Minke rûn har gau efternei, helle har yn en sei:‘Hoi Betty, do komst hjir seker foar it earst. Mar dat hindert neat hear, ik sil dy wol helpe. Kom mar mei dan bring ik dy nei Jouke, myn baas.’ Se brocht har nei it kantoarke en frege: ‘Hast efkes tiid, Jouke? Dit is in buorfrou fan my, sy is hjir foar ‘t earst.’ Se liet harren allinnich en in skoftke letter rôp Jouke har en sei:‘Soest sto dyn buorfrou efkes oan boadskippen helpe wolle, Minke?’ ‘Fansels wol, kom mar mei Betty, dan sille wy wat foar dy útsykje.’  Bij de  kratten mei iten en drinken, frege se: ‘Hast ek in tas by dy, Betty?’   Betty helle in grutte plastik pûde út de bûse en wylst sy dy iepen hold, lade Minke him fol mei fan alles en noch wat, mar socht ek noch gau om pânkoekmoal, sjerp en in pakje margarine, dan koe se wat lekkers foar har bern meitsje. Betty betanke Minke en sette mei in folle pûde wer op nei hûs.

Om’t Minke fuort wêze soe mei de krystdagen hoegde se gjin iten yn ‘e hûs te heljen mar se woe har hûs wol wat yn ‘e krystsfear bringe en kocht in lyts krystbeamke dat se moai optúgde. De fer-ljochting die se op in tiidklokje sadat it der gesellich ferljochte útseach as se jûns, by donker, thús kaam.  Op freed, har lêste wurkdei fan ‘t jier, krige se in krystpakket mei nei hûs. Dy hie se net nedich fûn se en dêrom brocht se dy de sneontemoarn nei de voedselbank. Dan koenen se der dêr mar in plakje foar sykje. Wylst se dêr wie seach se yniens lytse Jacob deryn kommen. It jonkje kaam de lêste wiken wol gauris mei Betty, syn mem, nei de voedselbank. Hy hie it weintsje fan syn suske by him, mar dy siet der net yn. Se gong nei it mantsje ta en frege: ‘Is jim mem der net, Jacob?’

‘Mem is siik.’ sei er. ‘Och hea,’ sei Minke, ‘en no moast sto boadskipje?’ It jonkje knikte. Minke wist net goed hoe se der mei oan moast, want se mochten gjin boadskippen oan bern meijaan en dêrom sei se: ‘Gean dêr mar efkes sitten, Jacob. dan sil ik dy drekst helpe.’ Se rûn nei Jouke en dy sei, dat sy de boadskippen mar útsykje moast dy ‘t Betty oars ek krige en dat sy dy dan, mei it jonkje, nei Betty ta bringe moast. Minke fûn dat in goede oplossing en nei’t se alles yn it weintsje laden hie, rûn se mei Jacob op nei hûs.  Underweis frege se: ‘Wat is der mei jim mem Jacob?’ It jonkje helle syn skouder op.

‘Leit se op bêd of moat se spuie? frege se wer.’ ‘Nee,’ sei er, ‘ús mem hat dr.....dr....drie........ en noch wat.’ ‘Drie? Trije?’ frege Minke, no wol wat nijsgjirrich. ‘Nee, ik wit net sa goed hoe it hyt. Mar buorfrou, hawwe jim ek krystbeammen yn dy winkel?’ frege it baaske no en seach har fol ferwachting oan. ‘Och leave jonge nee, woest sto graach in krystbeam ha?’

Syn holtsje gie hiel hurd op en del. It begrutte Minke en dêrom sei se: ‘Witst wat Jacob, as wij dêr in krystbeam krije hin, dan bewarje ik dy foar dy. Okay?’ Wer knikte er omraak, sloech syn beide hantsjes om har hinne en krûpte har oan. Minke moast derfan slokke en har eagen waarden der wat wiet fan, of kaam dat miskien omdat it sa kâld wie?  

Bij Betty har hûs oankommen drukte se op ‘e bel. Dy kaam sels by de doar mar seach der frijwat bleek en skiterich út. ‘Buorfrou, jo hjir!’ sei se. ‘Ja, wy mei gjin boadskippen oan bern mei jaan en sa koe it moai. Mar wat is der mei dy, Betty?’ ‘Och buorfrou, ik doch oars net as nei ‘t húske rinnen, ik ha sa ‘n lêst fan diaree.’ suchte se. ‘Ja, dat wie it!’ rôp Jacob no yniens. ‘Driearee! Dat wie it buorfrou, want ik mocht net poeperij sizze, no mem?’ Betty skodde de holle en sei: ‘Do hast it no al sein. Mar buorfrou, bedankt foar ‘t bringen, mar ik moat no earst wer…..’ en draafde richting de WC. 

Minke skode it weintsje nei binnen en sei: ‘Doech Jacob, do net siik wurde hear.’ die de doar ticht en rûn nei hûs. Dy tiisdeitemoarn wie it smoardrok by de voedselbank en Minke rûn har it fjoer út ‘e sloffen, se wie dan ek bliid dat it 12 oere wie en dat se nei hûs koe. Thús naam se earst in hap iten, makke de boel skjin, naam in lekkere hite does en gie efkes út ‘e wei. It ynpakken hie se al dien, alles stie klear en no koe se har bêst noch in oerke deljaan. Om har net te fersliepen sette se de wekker op trije oere. Gau wie se yn dreamelân, wêr ‘t de wekker har, op oere en tiid, wreed út wei helle. Folle fitter as earst klaaide se har oan. Tsjin fjouweren gie se noch in slach troch it hûs, seach of de tiidklokjes allegearre goed stienen, die de doarren op slot en rûn mei har koffer en in moai bosk blommen, foar Foekje, nei de auto. Ienkear te plak yn ‘e auto, seach se by harsels nei binnen en wylst se de auto starte, tocht se, wat ha ik it moai en gesellich en no bin ik der sels net iens. 

Yniens fleagen har gedachten nei it jonkje, in pear húzen fierderop oan de oare kant fan de dyk. Se die de auto út en pakte de kaaien fan ‘e foardoar.  It tiidklokje fan de krystbeam kaam oan in skimerlampke en it krystbeamke pakte se mei pot en al op. Bûten die se de foardoar wer op slot, stuts de dyk oer, sette de krystbeam by Betty op ‘e stoepe del, drukte op ‘e bel en rûn werom nei de auto.  Doe ‘t se krekt letter efkes mei de auto by Jacob syn hûs stean bliuw seach se dat de beam al yn ‘e hûs stie. Hij brânde noch net, mar dat koe sa hurd ek net. 

Jacob hie har auto seker heard, want hy kaam foar it rút en swaaide mei twa hannen yn ‘e loft nei har. Se die de binnenferljochting fan de auto efkes oan en swaaide werom. It jonkje stie te springen foar it rút, sa bliid wie er! 

Dat die har goed. Se waard der gewoan sels ek bliid fan en betocht yniens, dit is dus it krystgefoel!

‘It echte krystgefoel!’

 

Etie Pasma, Hijum 2021

Mei út name fan myn man winskje ik jo goede krystdagen en alfêst folle lok, seine en sûnens foar 2022.