Algemeen

Kolleezje Tour mei CvdK Arno Brok

It Nut Ferwert/Hegebeintum organisearret in Kolleezje Tour mei CvdK Arno Brok op freed 22 maart 2024 om 20.00 oere yn Grand Cafe Foswert te Ferwert.

Arnoud Adrianus Maria (Arno) Brok is berne yn Leerdam op 29 juli 1968. Hy studearre be-stjoerskunde oan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert, en Universiteit Twente yn Enschede. Nei syn stúdzje wurke er as amtner by de provinsje Flevolân en dêrnei yn de provinsje Oerisel. Hy wie fan 1994 oant 1998 riedslid en fraksjefoarsitter foar de VVD yn syn wenplak Ljouwert. Dêrnei wie er mear as fiif jier wethâlder. Yn 2003 waard er boargemaster fan Snits en yn 2010 boargemaster fan Dordrecht. Hy waard yn 2017 Kommissaris fan de Kening yn de provinsje Fryslân. Hy wie de earste kommissaris fan de Kening dy't syn ynstallaasjerede hielendal yn it Frysk hold. 

Pyt Nauta sil it fragenpetear liede en Arno Brok kin fragen beantwurdzje út it publyk. Jo as gast meie him fragen stelle tidens dizze jûn. Mail jo fragen nei Grytsje: hylkemagrytsje@gmail.com 

De yntree is ynkl. 1 kofje/tee. Graach kontant betelje, der is gjin pinapparaat! Opjaan by Gryt-sje Hylkema, hylkemagrytsje@gmail.com, Fol=Fol