Algemeen
Kollum Aeltsje de Groot: Ik kies foar mysels
Soms hat men dat: it each falt op op in lyts stikje tekst. Tekst, dy’t men wol folle faker lêzen hat, mar dat nea hingjen bleaun is. Oant it dus wol hingjen bliuwt.
Ik hie dat mei boppesteande tekst: “ik kies no foar mysels”. It gie oer immen, dy’t wat slims meimakke hie, en no it beslút nommen hie om foar harsels te kiezen. No, dat kin en dat mei fansels. Der binne fêst sitewaasjes yn it libben, dy’t sa’n beslút mear as rjochtfeardigje. En dochs bleau dit sintsje hingjen. Want men heart it sa faak de lêste tiid. “Ik kies no foar mysels”. En doe tocht ik: hoe giet dat no, hoe wurket dat no? Ik krij hjirby itselde gefoel as immen tsjin my seit: “do moast goed om dysels tinke”. Foar jinsels kieze, op jinsels passe, ja, prachtich, mar hoè dan?
Hiel earlik: ergens krij ik der in kribelich gefoel fan. Al hoe goed bedoeld ek, ik kin der net safolle mei. Ik wit wol, dat ik goed op mysels passe moat (want in oar docht it net). Oan de oare kant: it is myn libben, en myn eigen ferantwurdlikheid, wat ik mei dat libben doch. En wat foar in oar net goed is, kin foar mysels wol goed wêze. Kinne jimme it noch folgje? Gewoan net mear tsjin my sizze, dat ik goed op mysels passe moat. Want dat wit ik wol, en ik bin justerjûn al om njoggen oere op bêd gien. Dus nea wer sizze, dat ik nèt goed op mysels pas…
Dan dat kiezen. Foaral foar jinsels. Wy witte allegearre wol, dat der soms neat falt te kiezen.
Dat der dingen barre, dy’t nea in kar west binne. Of heechút in ûnmooglike kar. Al feroarje dêr de tiden ek wol yn. Doe’t Nico hast 42 jier lyn der foar keas om eigen baas te wurden, wiene wy troud en hiene wy twa bern. Ik ha altyd witten, dat hy in eigen saak hawwe woe. En ik ha altyd achter dy keuze stien. Ik waard bakkerinne. Punt út. Gjin idee, wat my te wachtsjen stie, fan it ûndernimmerskip hie ik gjin tsiis iten. Gjin hier op myn holle, dy’t der oer prakkesearde om dy kar net te meitsjen, al wie it net dat ik doe “foar mysels” keazen ha.
Letter bin ik se wol tsjin kommen, bakkers dy’t in frou hiene, dy’t neat mei de saak te meitsjen hiene, har eigen wurk en gedoente hiene. Ja, tiden hawwe tiden…
Nei 12 jier waard der opnij in kar makke, no foar de gruttere saak yn Stiens. En fansels gong ik mei, ûnderwilens wat mear bebiten yn it sâlt.
Ik wit noch, dat it in jier as 12, 13 letter dochs begong te kribeljen. Ik hie op in gegeven momint de gedachte: as ik 55 jier bin, wol ik myn eigen ding dwaan, dan kies ik foar mysels. De bern waarden âlder en rêden harsels wol. En nei sa’n 25 jier bakkerij woe ik noch wol wat oars. Tocht ik. It is him net wurden. Ik ha noch wol ergens in sollisitaasjebrief hinne skreaun, gjin idee mear wer hinne. Nea wat fan heard.
En doe bleau alles sa as it wie. En wie ik nochris 12 jier gewoan “bakkerinne”. Mar wol mei in oare ynstek, mei nij ynsjoch. Want diskear wie it myn eigen keuze, om troch te gean mei de bakkerij. Troch te gean mei dat ûndernimmerskip, wat my al safolle brocht hie. It wie myn eigen kar, om der wat fan te meitsjen. Dus ja, doe ha ik dochs foar mysels keazen.
Dan komt it moment, dat der gjin keuze mear is. It allinne wêze is gjin kar, dy’t men makket, it oerkomt jin. Mar dochs moatte der dêrnei wer keuzes makke, hoe dan ek. En earlik sein: as men dan foar jinsels kieze mei...ik wit net as ik myn bêd noch útkommen wie. En noch ha ik dat wolris nei in nacht fol mei prakkesaasjes. As ik kieze mocht, dan soe ik de gerdinen ticht hâlde, doar op slot.
Men kin der ek foar kieze om wol dy doar iepen te dwaan, nei bûten te gean, de wrâld yn. As ik altyd kieze soe “foar mysels”, soe ik leafst de maklike wei kieze. Ik wit net as dat de bêste wei is. Foar jinsels kieze? It liket soms, as kies ik net foar mysels. Mar hiel faak docht bliken, dat it dochs de bêste kar wie, dy’t ik meitsje koe
Aeltsje de Groot
Laatst geplaatst
Agenda
-
Wo 15 oktober
-
Do 16 oktober
-
Vr 17 oktober
-
Za 18 oktober
-
Zo 19 oktober