Algemeen

Kollum: De túnkabouter

It is stil op ’e dyk, ek op it stikje strjitte yn ús wenwyk dêr’t it gewoanwei al net sa drok is. Mar it is no noch minder drok. It is no sa rêstich op ’e dyk dat as der ien foarby giet wy efkes opsjogge. Dienen wy foarhinne net. Gjin bern op ’e dyk oan it boartsjen. Gjin minsken  dy’t stean te wiispraten wylst ien oan it rúthimmeljen as haachknippen is. Neat fan dat alles. Allinne it lûd fan in inkele gersmeaner en de fleantugen dy’t  oerfleane ferbrekke de stilte. No hâld ik wol fan rêst, dus se pleachje my der no net my, mar dizze stilte is in oare stilte.

Ferskate jierren ferlyn kriich ik fan de pakesizzers in túnkabouter op myn jierdei, om’t se fûnen dat it wat te stil by pake en beppe om hûs hinne wie. Dêrom net in gewoane túnkabouter, mar ien dy’t fluite as men him foarby rûn. Sa’n kabouter brocht der wat mear fleur yn, wie harren argumint. Wy hawwe de kabouter op in gaadlik plakje setten sadat it om samar te sizzen in doarbel wie foar dyjinge dy’t efterom kamen. Mar hy fluite net allinne as immen efterom kaam, mar ek as wy it paad útrûnen. No wie it gefal dat wy op dat stuit in hoanne by de hinnen hienen dy’t blyn wie. Slim genôch, mar hy koe him der skoan mei rêde. Rûn wolris, as hy efter in hin oansiet, mei de kop tsjin it hok oan mar fierder gie it goed. Mar hy koe it ferskil net mear tusken tsjuster en deiljocht, en gie dêrom by it minst geringste lûd dat hy hearde alderheislikst  tekear. Ek as der immen foar de túnkabouter delrûn, en dy begûn te fluitsjen, koe de hoanne flink syn stim heare litte. Oerdei gie it noch wol mar as der by tsjuster in kat oer it tafeltsje fan de túnkabouter rûn begûn dy bline hoanne ek wer fan it boppeste plankje ôf. En as dat faker bart dan ien as twa kear dan krije sels jo nocht derfan. En foaral as ik de sliep net gau te pakken krige, dan koe it fluitsje fan de kabouter en fuortdalik it lawaai fan dy hoanne der efteroan strontferfelend wêze. Net allinne foar ús, mar ek foar de buorlju. Gelokkich siet efter op dy kabouter in knopke dêr’t “off” en “on” by stie. Sadwaande wienen wy ferlost fan it fluitsjen fan de kabouter en it lawaai fan de hoanne. It neidiel wie dat ús bernsbern dat knopke ek fine koenen, wêrtroch ik noch wol gauris op in nacht út bêd  west ha om it knopke om te setten. Uteinlik binne de batterijen ferwidere en as de bernsbern kamen joech it knopke omsetten ek neat mear. En doe’t ik harren fertelde dat de túnkabouter stikken wie taalden se ek net wer nei it knopke. De stilte foel wer oer ús hinne en de hoanne hold him ek gedeist. Oant ik it jier dêrop wer jierdei waard en de pakesizzers wer mei in nije túnkabouter oankamen. Hy wie yn ’e reklame, waard sein, en fluite noch folle moaier dan dy âlde túnkabouter fan pake. Om in protte geëamel foar te kommen hat hy in wike op it âlde plakje stien en is doe ferhuze nei in plak dêr’t wy der net mear foarlâns rinne koenen. In plakje dêr’t hy no noch stiet. Doe wie it wer stil. Mar in oare stilte as wy no hawwe. Want no is it te stil.

Ik sjoch leaver bern op ’e dyk boartsjen. Ik sjoch leaver in pear minsken stean te wiispraten wylst ien fan harren oan it rúthimmeljen as haachknippen is. Nee, dizze stilte giet ús allegear oer de lea, en dêr hâld ik net fan. Want bûten in inkele gersmeaner en fleantugen dy’t oerfleane is it stil.

Ik sil sjen as de túnkabouter noch fluitsje wol. Hy hat jierren gjin wurd sein. Kin no wol wer, want de hoanne is der net mear. As soe der ek mar in lyts lûdsje útkomme, it ferbrekt yn alle gefallen de stilte wat. De stilte dêr’t wy miskien noch in moai skoft mei libje moatte.

www.henkiefandepolderdyk.nl