Algemeen

Kollum: Gjin hân foar eagen

Op de falreep hie ik yn it âlde jier noch in “spannende” erfaring. It like wol wat op de fytstocht dy’t wy yn ús fakânsje yn Antwerpen hiene. No wie it net sa, dat ik net wist wêr't ik wie, alhoewol, soms...

Op âldjiersjûn wie Nico noch even nei syn broer, dy’t op âldjiersdei jierdei is. Foar ús net de geskikste dei om op besite te gean. Ik wie nei tsjerke west, en hie noch even in pear oerkes lekker bankhingjen mei Netflix - tocht ik. Doe belle ús dochter. Har freondinne, dy’t by har komme soe, stie op it stasjon fan Ljouwert. Der rieden gjin bussen mear fanwege de mist. En ek de taksjebuskes wienen net mear op in paad. Om’t Sanne in elektryske rolstoel hat, moat se wol yn sa’n buske...Tynke har freon wie yn de chaos telâne kommen, dy’t by Akkrum ûntstien wie. Dy wie werom stjoerd nei It Hearrenfean, en hie mar besletten werom nei hûs te gean. Der siet mar ien ding op: Sanne ophelje mei de bakkersbus. Oant Ljouwert ta gie it noch wol wat. It sicht wie wol poermin, mar rotondes wiene yn elts gefal noch sichtber. Mar sadra't wy Ljouwert ynrieden, wie it mis. In muorre fan mist, oeral om jin hinne. Stapfoets, alarmljochten oan, foarút. Wite strepen sykje. Soms totaal gjin idee, wêr't de dyk of in ôfslach wie. En dan dy rotondes...Gjin ôfslach te sjen, soms ha ik mar in ekstra rûntsje makke. En dan gong it soms noch fout. By it stasjon belâne ik op de busbaan ynstee fan op de dyk. No, bussen rieden der dochs net mear, dus it betearde goed. Wy krigen Sanne en har rolstoel yn de bus. Mei help fan omstanners, dy’t ek allegearre strand wienen op it stasjon. De weromtocht wie sa mooglik noch dreger. Op it gegeven moment ried der in auto foar ús en dêr rûn immen foar dy’t it paad wiisde. Dat it net hurd gong, sil dúdlik wêze. Mar it wie de iennige mooglikheid om noch ergens te kommen. Ienkear bûten Ljouwert, waard it lokkich wer wat better. Wy kamen feilich en wol  yn Stiens oan, nei hast twa oeren... Ek Nico wie wer feilich thúskommen. Underweis hiene wy ek noch kontakt mei de bern dy’t út Hilversum nei Fryslân kommen wiene. Fia de doarpen wiene se om de ravage by Akkrum hinne laad, en oankommen yn Grou, wêr't se mei elkoar it jier útsitte soene.

It betearde foar ús húshâlding goed op dizze jûn. Krekt sa as it yn oktober ek goed betearde mei ús ferdwalerij yn België. Mar ik ha no wol erfaren, wat it is, om letterlik gjin hân foar eagen te sjen. Der binne momenten, dat der gjin strepen binne, en dat men letterlik it paad bjuster is. Mar men moat wol trochgean, stean bliuwe is gjin opsje. It libben lit soms letterlik sjen, dat stilstean gjin foarútgong is. En dat is fansels ek de moraal fan dit ferhaal. It nije jier is begûn. It earste fertriet is al wer west. De earste blidens ek. As wy no wolle of net, de tiid giet fierder. Ek al taaste wy rûn yn de mist, stilstean kinne wy net. Lokkich kaam ik ek dizze kear wer feilich thús...

Ik winskje jimme allegearre in ljocht en sinnich 2020 ta. Mei net te folle mist, sadat jimme foarút kinne, en foarút sjen kinne. Miskien giet it soms stapke foar stapke, kin it net oars. Mar ik hoopje, dat elk dy stappen foarút ek dit jier wer meitsje kin. En dat wy elkoar ek helpe kinne, om dy stappen te meitsjen.

It resept is fan Rineke Roorda. Dat liket my in aardich idee foar it kommend jier: wa’t in favoryt resept hat, mei dat trochjaan. En ik set it by de kollum!

Beskúttaart (neffens de beppesizzers de lekkerste taart fan de wrâld)

Ingrediënten:
• in pakje folkoaren beskút
• in pakje Maria koekjes
• 2 mingel (liter) healfolle molke
• pot jam
• 4 pakjes dr. Oetker kookpudding (rjemmesmaak)
• pakje slachrjemme
• ovenskaal mei opsteande râne

De taart de jûns foar it feest meitsje!

Earst de pudding siede, neffens de oanwizings op it pakje. Underwilens de skaal klear sette mei in boaium fan hele of heale beskút. As de pudding klear is, dit oer de boaium jitte. Dan in laach Mariakoekjes der op, dêrnei wer in laach pudding. Dan wer Mariakoekjes en as lêste de pudding. Bûten de koelkast alles opstiivje litte. De oare deis ôfmeitsje mei in laagje jam en as lêste de (echte) slachrjemme.

 

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.

Zie ook de advertentie op pagina 2 van de Stienser.