Algemeen

Kollum HvdP: Winterfoto

Op it momint dat ik dizze column skriuw, is it bûtendoar in wite wrâld om ús hinne. Snie, dat wy de lêste jierren net wend wienen. Teminsten net yn dy proporsje as der no fallen is. 

Foar it gruttere wurk moatte wy werom gean nei 1979 en nei de winter fan 1963. Nederlân lei efkes plat. No ja plat!. Ik haw net in dei thús west fan skoalle as fan myn wurk. Mar ek no leit Nederlân echt plat en kinne der gjin bussen en treinen mear ride. Sels de skoallen slute de doarren. Op televyzje litte se sjen hoe mâl it liket en tagelyk litte se sjen dat der wol mei de auto te riden is. Wylst ik op’e souder sit te tikjen om in ferhaal op papier te krijen, hear ik fan ferskate kanten de snieskower wer oan it wurk. Eat dat ik jierren net heard ha. Hja sille harren snieskower en de jierren âlde, noch net oanbrutsen, amer mei struisâlt wol wer efter út it hok helle ha. Foaral de âlderein is dwaande om harren paadsje skjin te hâlden. 

Dat der foarhinne ek wol snie foel lit in foto út 1952 sjen doe’t ik as fjouwer jierrich knaapke foar de pleats, dêr’t ik berne bin, yn de snie oan it boartsjen bin. It is in foto dy’t makke is troch myn âldste broer Alt. Tusken my as jongste en hy as âldste sit in ferskil fan fjirtjin jier. Doe’t ik nei de legere skoalle gie siet hy al efter de froulju oan en doe’t ik fan dyselde skoal-le ôfkaam wie hy al troud. Dus boartsje mei myn broer hat der nea by west. Dochs hat hy letter foar my fan grutte be-tsjutting west. Al wie dat allinne mar om’t hy fan syn earste fertsjinne lean op it bûterfabryk yn Terwispel in fotokamera kocht hat. In Kodak SIX20 kamera, dêr’t men fan boppe ôf troch de lins sjen moast. 

Alt hat der foar soarge dat myn jonge jierren fan fjouwer jier ôf op’e foto kaam, wêrûnder ek dizze fan yn’e snie. Myn oare broer en suster binne fan doe ôf ek ferskate kearen op it portret kaam. Mar dy wienen doe alve en fjirtjin doe’t hja fotomodel waarden, tagelyk mei ús heit en mem dy’t doe al rom oer de fjirtich wienen. Men kin wol sizze dat ús Alt der foar soarge hat dat ús heit en mem yn 1952 in foto-album oan Sinteklaas freegje koenen. 

Mar net allinne binne der famyljefoto’s makke, mar ek foto’s fan de omjouwing fan ús pleats. Foto’s mei in foar my grutte, foaral emosjonele, wearde. Foto’s fan de Damslûs, dy’t al hast hûndert jier wie doe’t dy troch ús Alt foar de earste kear op in foto setten is. Ek de wipbrêge dy’t de ferbining wie tusken Terwispel en Langsweagen en yn 1919 pas oer de slûs kaam te lizzen is troch Alt fêstlein op’e foto.     

In prachtige foto fan slûs en brêge, mei wat dauwe oer it fjild en de “skyline” fan de Gordyk op’e eftergrûn. Ien út de ferskate foto’s fan de Damslûs en omjouwing dy’t allinne troch ús Alt foar ivich fêstlein binne. Foar my is it in ynspiraasjebron wurden foar in part fan myn skriuwwurk, ek al om’t ik dat allegear sels sa meimakke ha. Oant it momint kaam dat yn 1957 de slûs tichtsmiten is. Sels dat momint hat Alt fêstlein mei syn Kodak SIX20. Bûten de foto’s wie hy ek myn “historikus”, want it kaam de lêste jierren wol faker foar dat ik wat oer eartiids witte moast. Dan is it wer noflik dat ik ien efter de hân ha dy’t fjirtjin jier âlder is as my.

Ik wie begûn om in ferhaaltsje te skriuwen oer de snie, mar it ferhaal hat in kear krigen om’t ik gebrûk makke fan ien fan ús Alt syn earste foto’s fan 73 jier ferlyn, dêr’t hy my as jonkje fan fjouwer foar ivich fêstlein hat. 

Mar net alles is ivich, want op 24 novimber ôfrûne jier hawwe wy nei in tiid fan ôfnimmende sûnens ôfskie nimme moatten fan ús âldste broer Alt syn ierdske libben. Hy is 91 jier wurden. 

En wat it ferhaal oanbelanget, sniebuien komme der faaks wol wer!

 

hfdp@kpnmail.nl