Algemeen

Kollum: It Ierappelbakje

Ik ha in ierappelbakje mei in ferhaal. Allinne is der ien probleem: ik wit net hokker ferhaal.  It komt út de neilittenskip fan ús mem. Yn ien fan har lêste wiken hie se it oer it “ierappelbakje”.

“Dêr sit in hiel ferhaal efter en dat stiet wol opskreaun.” Ja, doe hie ik fuort freegje moatten, wêr’t dat dan opskreaun wie. Want by it opromjen ha ik wol it ierappelbakje fûn, mar net it ferhaal. It kin noch foar it ljocht komme, want ik ha noch wol wat archyfspul fan ús heit yn ‘e hûs.  Mar dat binne hast allegearre foto- en plakboeken. Sûnder ferhaal. Alteast net mei it ferhaal fan it ierappelbakje. Want fansels hat elke foto syn ferhaal, en elke kaart, dy’t mei hokker gelegenheid dan ek stjoerd is, ek. Mar no it ierappelbakje. Kom ik der ea noch efter wêr’t it wei komt? Juster siet ik te ierappelskilen. En fansels brûk ik dêr no it bakje foar. En dan tink ik: soe it by oerpake Jehannes wei komme? It soe samar kinne. Dy âlde pake, dy’t ik my noch faach foar de geast krije kin. Wat rûngear, pet op de holle, meastal yn syn stoel achter de tafel. Mei yn  de keamer itselde kammenet, wat no by my yn de keamer stiet. Ik sjoch sa foar my, hoe as er moarns de ierappels skylt. Beppe Hiltsje wie der al net mear, syn net troude dochter, tante Aaltsje (tafallich, bin ik net nei neamd) wenne by him yn. Sa gong dat yn dy tiid…It ierappelbakje op de tafel, de âlde wurkhannen mei it mes, en de ierappels, dy’t fansels hiel tin skyld wurde moasten. Wat soe er allegearre beprakkeseard hawwe ûnder it skilen? Miskien moast er noch wol even nei de bou om wat beantsjes. Miskien moast er noch even oer de krante gear. Wat soe pake sa’n hiele dei dien hawwe? Foar myn gefoel siet er altyd yn de stoel. Ald en stram, de lea ferwrotten troch it swiere arbeiderswurk.

Is dat it ferhaal fan myn ierappelbakje? It ferhaal fan in âld man, dy’t in bakje yn elkoar spikere fan wat âlde plankjes. In bakje, dat elke dei wer op de tafel kaam. In bakje, dat no, trije generaasjes fierder, by my op de tafel stiet. Net mear elke dei, want wy ite no ienkear net mear sân dagen yn de wike ierappels. Ik moat it ferhaal fan it bakje sels mar meitsje. Ik tink, dat it fia de Van Striene kant wer by ús mem kommen is. Want wy hiene sels earder thús in oar ierappelbakje. Foar in wat gruttere húshâlding. Dit is mear in twapersoans bakje. Miskien is it fia tante Aaltsje wer by ien fan de muoikesizzers yn de kast kommen, en sa wer by ús mem. 

Ik wit wol, dat ik no elke kear in moai ferhaal betinke kin, salang as ik noch net wit wat it echte ferhaal fan it ierappelbakje is. Elke kear as ik ierappels skyl, fiel ik my wer ferbûn mei it ferline.

Krekt sa ha ik dat mei it kammenet, de klok, de sikretêre, it Hylper kastke…Allegearre mei harren eigen ferhalen. Fan pakes en beppes fan sawol heite- as memmekant. Ik bin in ferhale-minske, dat ha jim wol yn de gaten fansels. En ja, ik bin no de generaasje, dy’t dy ferhalen trochjaan mei…

As ik noch efter it ferhaal fan it ierappelbakje kom, binne jimme de earsten dy’t it hearre! Fansels no in resept fan in hartige ierappelbôle.

Ingrediënten
250 g krommige ierappels (skyld)
200 ml wetter
21 g farske gist
500 g bloem
1 tl sâlt
2 grutte sipels
1 tl tijm

Snij de ierappels yn grutte stikken en sied se gear yn sa’n 15 menuten. Jit se ôf en stmap se fijn. Doch it kâlde wetter der by en krommelje de gist der troch. Doch dan 1/3 fan de bloem en it sâlt der by en ming it troch elkoar. Lit it deech 30 menuten ôfdekt rize op in waarm plak. Snipperje ûnderwilens de sipel en fruitsje him oan yn wat bûter of oalje. Doch de tijm der by en lit de sipels dêrnei op in leech fjoer sacht wurde. Helje it deech út de kom en kneed de rest fan de bloem der troch. As lêste it sipelmingsel der troch knede. It deech wer yn de kom dwaan en nochris 30 menuten rize litte. Ferwaarmje de oven foar op 190°C en fetsje in bakfoarm yn. Nei it rizen it deech yn de foarm dwaan en it gear bakke yn 40 menuten

 

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens. 

Zie ook de advertentie op pagina 2 van de Stienser