Algemeen

It wie suterich waar doe’t wy snein 31 july op it tsjerkhôf fan Terwispel rûnen mei in blomstikje yn ’e hân. It wie ús mem har jierdei. By libben en wolwêzen hie se no 116 jier wurden, fierwei de âldste fan ús provinsje. 

By libben en wolwêzen hie se no 116 jier wurden, fierwei de âldste fan ús provinsje. Spitigernôch is har libben by 76 jier opholden. Wêrom stean ik stil by de jierdei fan myn mem, wylst ik jierren nei har dea der net folle by stilstien ha. Doe’t se noch libbe, wie 31 july foar ús, mar foaral foar har, in feestdei. Alle bern en bernsbern kamen  thús en yn myn belibbing wie it doe altyd moai waar. Oant 26 juny 1983 ús mem ferstoar yn it sikehûs fan’t Hearrenfean oan in longemboly. In goed moanne nei dat se fyftich jier troud wienen en in goed moanne foar’t sy 77 wurde soe. In pear jier ferlyn haw ik in gedicht makke as earbetoan oan ús mem

ús Mem 

in toan fan krêft,

mei sokken oer de hoazen, 

in sterke frou, 

ús Mem, 

hoedzjend oer har bern. 

 

it strielen fan ynfâlt, 

de klompen oan har fuotten.

in ienfâldige frou,

ús Mem, 

alles wie foar har bern.

 

sa moai, sa tear, 

yn har blomkeskelk,

in leave frou,

ús Mem,

mei leafde foar har bern.

 

in trien rollet,

en dript op har breiden fest, 

in fertrietlike frou,

ús Mem,

mei it ferliezen fan in bern. 

Us mem wie al 41 jier doe’t sy my krige. Dat ik der bin haw ik úteinlik te tankjen oan myn suske dat in goed jier earder by de berte stoarn is. It is miskien bot sein, mar wol de wierheid. Dêr hat ús mem sa’n fertriet fan hân dat se bliid wie dat sy al rillegau wer swier rekke. En noch folle blider dat ik sûn op de wrâld kaam. Wol sûn, mar dêr wie it ek mei sein. It is om’t ik yn maart berne bin, mar oars wie ik ûnder de kategory “stoppelkat” fallen. Ik kaam mar min útein, miskien ek om’t ik net by ús mem oan it boarst lein ha mar mei kowemolke grutbrocht bin. De oare bern hienen wol ús mem har earste bjist hân en krigen wol fuortdaliks de groei te pakken. Nee, ik wie wat spjochtiger. Dêrom wie ik al gau memmes jonkje en de oare, al âldere, bern moasten in stap tebek dwaan. Mei oare wurden, ik waard in bedoarn bern. Om’t op de pleats ek it noadige te dwaan wie koenen ús heit en mem net de hiele dei mei my omtôgje en bin ik foar in part ek grutbrocht troch deselde bern dy’t in stap werom dwaan moasten.

Efter de Polderdyk haw ik myn bernetiid belibbe en krige alle frijheid om dingen te ûntdekken. No foel der net folle te ûntdekken, want der wie fierders neat. Wy moasten ús sels ûntwikkelje. Ek foarljochting wie der net by. Ik haw sels ús heit en mem nea yn de bleate kont stean sjoen. Doe’t ik acht wie, krige myn suster samar ynienen in bern en ik ha nea witten dat sy swier wie. Ek al om’t bern, oant doe ta, mei de earrebarre kamen. Myn âldste broer fertelde my in kear dat hy mei ús heit yn it lân stie dêr’t ek in earrebarre omrûn. Us heit hat doe tsjin him sein dat hy mar roppe moast dat se graach in lytse poppe ha woenen. Hy wie doe seis jier en hat doe yn it lân stien te razen. En hoe wie it mooglik, in pear dagen letter hie hy der samar in broerke by. Dan moatte jo doch wol yn de earrebarre leauwe, is ’t net sa.

Mar ik bin bliid dat ik de ienfâld fan ús libjen fan doe meimakke ha, wêrtroch ik der no oer prate en skriuwe kin. In libben wêryn we neat te koart kaam binne en ik tajaan moat dat ik my no wolris ferwyt dat ik oan ús mem noch wol wat ferskuldige bin. De leafde dy’t se my jûn hat, haw ik har by lange nei net werom jûn. Kaam dat om’t ik letter yn in oare wrâld telâne kaam dy’t oars wie dan efter de Polderdyk? Wie ús leeftiid ferskil doe te grut? Miskien om’t ik gjin âlders hie dy’t mei my fuotballen en de dei nei Appelskea de ienichste útspatting wie yn myn fakânsje? Miskien haw ik ek temin tiid hân om har de leafde werom te jaan om’t ik op myn twaentweintichste al emigrearre nei de klaai en foar dy tiid mei hiele oare dingen dwaande wie, dêr’t ik myn mem net by nedich hie. Op ien as oare wize besykje ik dat yn te heljen troch ús mem dat te jaan dat se fertsjinne hat. Fan dêr dat gedicht en ek it blomstikje dat wy op har grêf setten ha, om’t sels dat der faak by yn sketten is.