Algemeen

Kolumn Aeltsje de Groot: Itensiede mei politisy.

As it oan my lein hie, wie Jesse Klaver no minister presidint wurden. Net om syn politike ferhaal, mar om’t er tagelyk prate èn itensiede kin.Ik sil it útlizze. Foar de minsken, dy’t elke dei nei “Binnenste Buiten”sjogge, is it miskien al dúdlik. Dy hoege dit ferhaal dan diskear ek net te lêzen.

It giet dus oer it tillevyzjeprogramma “Binnenste Buiten”. De lêste wiken wie topkok Ramon Brugman oan it itensieden mei 6 politisy. Hy makke mei harren harren favorite gerjocht en ûnderwilens waard der praat oer fanalles en noch wat, behalve de polityk.

It is hearlike, ûntspannen tillevyzje, en men komt noch ris wat te witten. De politisy, Lilian Marijnissen, Rob Jetten, Henri Bontenbal, Joost Eerdmans, Dilan Yesilgöz en Jesse Klaver lieten sjen wat se yn harren mars hiene op it gebiet fan itensiede.

En it foel my fuort al op, dat de measten net twa dingen tagelyk dwaan kinne. Hast yn alle gefallen waard harren in sipel yn de hannen treaun: “dy moat even snijd”.  Mar as der dêrnei in fraach steld waard, kaam der fan it sipelsnijen net sa folle. It wie ek wol dúdlik, dat de iene mear mei it itensieden hie as de oare. Mar yn fiif fan de seis kear, wie it Ramon dy’t de lieding hie, ek al makke er soms in gerjocht dat er noch nea earder makke hie.

En doe kaam de lêste kear, mei Jesse Klaver. Dy’t dúdlik yn syn elemint wie achter de potten en pannen. Dy’t gewoan de sipel snijde, wylst er ûndertusken fertelde fan syn Indonesyske beppe, dy’t fansels ek de hearlikste dingen meitsje koe. Dy’t de lieding naam by it meitsjen fan syn Indonesyske resept. “Moat it yn de fizel?”, frege Ramon op in gegeven momint. “Nee, jou my de staafmikser mar”. Jesse wie drok oan de gong en Ramon stie der by en seach der nei. Fansels kaam der in hearlik miel iten op de panne. 

Gek genôch is it altyd “hearlik”. Net allinne by de politisy, mar ek by alle oare minsken, dy’t yn it programma in pantsje iten foar de noas krije.mSoe der no nea immen wêze, dy’t it eins hielendal net lekker fynt, tink ik dan? Soe dy yoghurtsop fan Dilan no echt sa lekker west ha?

Mar it giet my hjir dus net om wat lekker wie of net, mar dat der mar ien wie, dy’t dúdlik de lieding naam en syn eigen plan luts. Se wiene allegearre like sympatyk en (min of mear) iepen foar de kamera, mar der wie dus ien dy’t der útsprong.  Ik wit, dat der in protte minsken binne, dy’t op in persoan stemme, om’t se him of har graach lije meie. Persoanlike foarkeur. En ja, sa ha ik eins ek wol stimd (en nee, net op Jesse Klaver).Mar as ik no allinne mar nei “Binnenste Buiten” sjoen hie, en my fierder totaal net mei de polityk dwaande hâlden hie, dan hie ik dus Jesse Klaver fuort-en-daliks sjoen as ús nije minsister-presidint.

Immen dy’t tagelyk itensiede kin, èn prate en dan ek noch op in subtile menier de lieding nimt, is dêr dochs hiel ge-skikt foar? In multitasker, om it mar ris yn it goed Frysk te sizzen. Wy witte ûnderwilens wol, dat dat net barre sil.

Wat der wol barre sil, witte wy ek net. Wy kinne net folle dwaan, allinne mar ôfwachtsje, wat se der yn “De Haach” no wer fan bakke sille. Earlik sein, hâld ik myn hert fêst.It liket my better, dat se in oare kear alle debatten mar gewoan oerslane.Lit alle prominente kopstikken mar ris gewoan komme te itensieden by Ramon Brugman.Ik hie wolris sjen wollen wat Wilders, Van der Plas, Timmermans, Omzigt en Baudet der fan telâne brocht hiene. Miskien moatte wy dan ek noch wol even gradaasjes oanbringe, yn wàt der makke wurdt. Yngewikkeld telt fansels mear as simpel. In pantsje sop of Haagske bluf liket my net sa yngewikkeld. As men dêr al muoite mei hat….Neffens my sil it net lang duorje foar’t wy  wer nei de stimbus moatte.Foar my is dúdlik wat wy dan dwaan moatte. In pear moanne lang elke wike twa kear in polityk kopstik itensiede litte yn “Binnenste Buiten”. 

Dêrnei witte wy krekt wat foar fleis as wy yn de kúp hawwe. As it lekker smakket moatte wy mar ôfwachtsje. Mar wy ha no ek gjin idee hokker smaak as wy op it pantsje krije. Earlik sein liket it my in bytsje wrang…