Algemeen

Printeboek fan it jier 2017 ‘De kleine walvis’ no ek yn it Frysk

 By de Afûk is ferskynd De lytse walfisk, skreaun en yllustrearre troch Benji Davies. De kleine walvis fan Benji Davies wie yn 2017 printeboek fan it jier. Underwilens binne der mear as 100.000 Nederlânsktalige eksimplaren fan ferkocht en is it oersetten yn mear as 40 talen, wêrûnder no ek it Frysk. 

 

 Boi wennet mei syn heit en seis katten yn in lyts fiskershúske. Op in moarn fynt er in lytse walfisk dy’t op it strân oanspield is. Dat is it begjin fan in bysûndere freonskip … 

Yn dit populêre printeboek foar bern fan 4 jier ôf komme tema’s lykas iensumens, ôfskied nimme en freonskip op in moaie wize oan bod. De prachtige yllustraasjes fersterkje de tema’s en fertelle it ferhaal. De Fryske edysje leit no yn de boekhannel! 

Boekgegevens 

De lytse walfisk 

Tekst en yllustraasjes: Benji Davies 

Utfiering: ynbûn 

ISBN: 978 9493159273 

www.afuk.nl 

www.benjidavies.com