Algemeen

Provinsje is benijd nei jo miening oer kultueroanbod yn Fryslân

Kultuerpartisipaasje is it meidwaan oan kultuer yn de frije tiid. Yn Fryslân is in rom oanbod oan musea, teäterfoarstellingen en festivals. Miskien binne jo sels aktyf besiker, meitsje jo muzyk of binne jo lid fan in toanielferiening? Wy binne benijd nei jo ûnderfining mei it kultueroanbod yn Fryslân!

Omdat de provinsje it wichtich fynt dat ynwenners fan Fryslân de kâns krije om diel te nimmen oan kultuer, hâldt provinsje Fryslân ien kear yn de fjouwer jier in ûndersyk nei kultuerpartisipaasje ûnder ynwenners fan ús provinsje. Yn 2018 wie it lêste ûndersyk.

 

Utkomsten
De útkomsten fan it ûndersyk wurde troch oerheden en ynstellingen brûkt om better ynspylje te kinnen op it kulturele ferlet fan de ynwenners fan Fryslân. De resultaten fan it ûndersyk wurde yn it earste fearnsjier fan 2023 publisearre.

 

Doch mei
Wy nûgje jo fan herten út om mei te dwaan oan it ûndersyk nei it dielnimmen oan kultuer yn Fryslân. Jo kinne de fragelist noch oant 8 novimber online ynfolje fia www.fryslan.frl/cultuurmonitor. It ynfoljen kostet likernôch 15 minuten. Yn de enkête wurdt frege hoe faak oft jo meidogge oan kulturele aktiviteiten lykas foarstellingen, festivals, lêzingen of tentoanstellingen. Ek wurdt frege oft jo sels aktyf dwaande binne mei muzyk, toaniel, of ferhalen skriuwe, ensafuorthinne. Wy wolle ek witte wêrom't minsken net of net folle oan kultuer yn de frije tiid dogge.

 

Freegje ek jo kunde- en freonerûnte om de enkête yn te foljen. In hege respons jout in better byld fan wat ynwenners fine fan it kultueroanbod yn ús provinsje. Alfêst tank foar jo meiwurking oan dit ûndersyk!