Algemeen

Stimulearringsregeling ekstra sportaktiviteiten iepen

Yn gearwurking mei Sport Fryslân iepent provinsje Fryslân in stimulearringsregeling foar ekstra sportaktiviteiten. Sportferieningen kinne in voucher fan 500 euro oanfreegje wêrmei hja ekstra sport en bewegingsaktiviteiten foar bern en jongeren organisearje kinne yn de simmerfakânsje. 

Deputearre De Rouwe: “Yn dizze frjemde tiid leit alle stil; er is gjin kompetysje en sporteveneminten binne ôflost. Wylst it Fryske bloed fan jongs oan kolket fan de nocht om te sporten. Sportferieningen wurde útnoadige om aktiviteiten foar alle berne te organisearjen. Lit se fierljeppe, keatse, neam mar op. Sa komme we de simmer sportyf en mei nocht en wille troch!”

Oanfragen kinne fan ôf hjoed, 6 july, 12.00 oere oant 2 augustus 2020 17.00 oere yntsjinne wurde fia www.sportfryslan.nl/oanfragen.

 

Lok op 1, no en moarn: 11 ekstra coronamaatregels

De sport-stimulearringsregeling is ien fan de ekstra coronamaatregels fan de provinsje Fryslân yn it Lok op 1, no en moarn pakket. Provinsjale Steaten hat hjir op 24 juny
5 miljoen euro foar beskikber steld. Dizze regeling foar sportferieningen is ûnderdiel fan de leefberens regeling fa 450.000 euro. De brede regeling foar doarpshuzen, maatskiplike ferieningen en  sportferieningen wurdt dizze simmer útwurke en giet 1 septimber 2020 iepen.