Algemeen

Tresoar jout treast mei 'Tresoar Treast Telefyzje'

In soad minsken komme hast de doar net mear út yn dizze ûngewoane tiden. Mei 'Tresoar Treast Telefyzje' jout it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum in stikje treast, troch Fryslân wêr in bytsje tichter by de minsken te bringen.

Alle wiken op moandei- en freedtejûn om 20.00 oere pleatst Tresoar op tresoar.frl, Facebook en Instagram in fideo. Yn dy fideo’s krije de minsken û.o. ynfo oer ûnderwerpen as Fryske literatuer en keunst, bysûndere argyfstikken en wurde de minsken firtueel rûnlaat troch Tresoar, Obe (it poadium foar literatuer, keunst en taal) en by de rinnende útstallingen lâns.

Mar dat net allinnich: Tresoar freget it publyk wat sy sjen of witte wolle. Dus hast in driuwende fraach, is der in bepaald ûnderwerp dêr’tst mear oer witte wolst of wolst graach sjen hoe’t it depot fan Tresoar der út sjocht? Lit it witte fia info@tresoar.nl of fia de socialmediasiden fan Tresoar en wa wit, sjochst dyn fraach werom yn Tresoar Treast Telefyzje.