Algemeen

Waadhoeke Taalpriis 2023 foar Franeker Woardeboek

Wim Aalbers, skriver fan ut Franeker Woardeboek, het de earste Taalpriis Waadhoeke kregen. In un folle biblioteek fan Franeker kreeg Aalbers dînsdâg, tidens un feestelukke Dâg fan de Mimmetaal, de onderskeiding út hânnen fan wethouwer Jan Dijkstra.

fotograaf: Joachim de Ruijter.

Gemeente Waadhoeke houde op 21 febrewary – de internasjonale memmetaaldâg – foor ’t eerst ’n Taaldâg, om de meertalighyd fan de gemeente te fieren. Waadhoeke het fier ‘eigen’ talen, met naast ut Nederlâns ok ut Frysk, Bildts en Franekers. De aven worde opfleurd met un meertalige pubkwis fan Douwe Gerlof Heeringa, met fragen over aparte woorden út de ferskillende talen en goeie taalfoorbeelden in de gemeente.

Taalpriis

Foar de earste Taalpriis Waadhoeke wiene trije saken nominearre. Neist it Franeker Woardeboek wiene dat it Franeker Diktee, en de Trinus Riemersma-dei, dy’t ein oktober troch de Academie van Franeker hâlden wurde. De sjuery bestie út Sannah Debreczeni (Provinsje Fryslân), Jitske de Hoop (Omrop Fryslân) en Gerard de Jong (meertaligheidskoördinator en organisator fan de taledei).

Franeker Woardeboek

It Franeker Woardeboek is it libbenswurk fan Wim Aalbers. Hy hat sa’n sân jier oan it standertwurk arbeide, dat ein 2021 presintearre wurde. De sjuery wie, sa sei Jitske de Hoop, bot ûnder de yndruk fan de selsbeneamde ‘duvelstoejager, drammer en driver’. De Hoop: “Aalbers hat dêr jierrenlang alle dagen mei dwaande west. En dat kinst ek sjen, want it is in boek wurden fan 11 sintimeter dik, 1560 pagina’s en 17.000 lemma’s. It wie in monnikewurk, mar in in enoarme prestaasje. Frjentsjerters kinne no yn harren eigen taal skriuwe. It wurdboek is it fûnemint fan in taal. Ut Franeker Woardeboek kin ek as basis brûkt wurde foar oare stedstalen. Lit it in ynspiraasje wêze foar oaren!”

De Jong en ek wethâlder Jan Dijkstra priizgjen de enoarme taalenerzjy dy’t der yn Waadhoeke is. Dijkstra: “Want wat bard der in soad oan taalaktiviteiten yn Waadhoeke. De gemeente docht der in soad oan. Mei de meertaligheidskoördinator dy’t yn it spier is foar ús taalferskaat, mei ús taalbelied - útnûgjend, fertroud en sichtber. Mar jimme, de minsken, drage en lûke ús moaie talen, jimme brûke en stimuleare it, eltse dei wer. Dat is de wurklike taalpromoasje.”

‘Meartalich boek’

It keunstwurk dat ferbûn is oan de Taalpriis is makke troch keunstner Paulien Ploeger fan de Ald-Dyk. Hja hat in objekt yn boekfoarm makke der’t wurden út alle fjouwer talen op te sjen binne. “Waadhoeke staat krekt an ’t begin fan ’t meertalige boek, der’t wij metnander elke dâg feerder an skrive,’ sei Gerard de Jong.

Neist de feestlike jûn is der troch tekener Piet Voordes in fleurige cartoon makke. Jan Snorreman giet op reis troch Waadhoeke en komt der allegear minsken én talen tsjin. Bern kinne as priisfraach de cartoon ôfmeitsje en oant en mei 11 maart ynlevere by de biblioteken yn Waadhoeke. De pubkwis wurde wûn troch in kwartet Bilkerts: sy krigen, fansels, it Franeker Woardeboek kado.

 

Tekst: Gerard de Jong