Algemeen

Deputearre Steaten hawwe de Drinkwetterstrategy Fryslân 2050 fêststeld. Dy strategy, mei as titel: ‘Wetter foar letter’, kaam yn gearwurking mei wetterbedriuw Vitens ta stân. It omskriuwt hoefolle grûnwetterreserves as der mooglik nedich binne om oan de takomstige drinkwetterfraach foldwaan te kinnen.

Grûnwetter is de boarne foar it drinkwetter yn Fryslân. Us provinsje hat in grutte foarried skjin, swiet grûnwetter. In part fan dat swiete grûnwetter wurdt al brûkt foar de produksje fan drinkwetter. Yn de ôfrûne jierren is de fraach nei drinkwetter yn Fryslân sterk tanommen. Dêrneist hawwe berekkenings dúdlik makke dat der yn de takomst by in tal hjoeddeistige wetterwinplakken it risiko bestiet op it fersâltsjen fan it grûnwetter.

Om elkenien yn Fryslân ek yn de takomst skjin en genôch drinkwetter biede te kinnen, moat de drinkwetterproduksje op dy ûntjouwings taret wêze. Dêrby is it fansels wichtich dat brûkers sunich mei drinkwetter omgeane. As ûnderdiel fan de drinkwetterstrategy wolle wy dêrom fierder ynsette op it besparjen fan wetter. Dêr wurdt in aksjeprogramma foar opsteld. Dêrneist is in goede kwaliteit fan it grûnwetter fan belang foar de drinkwetterfoarsjenning. Dêrom wurkje wy yn it ramt fan de drinkwetterstrategy ek oan it behâld fan in goede kwaliteit fan it Fryske grûnwetter.

Lanlik is ôfpraat dat alle provinsjes grûnwetterreserves oanwize foar takomstige drinkwetterwinning. Yn de drinkwetterstrategy wurde dy Aanvullende Strategische Voorraden (ASV’s) beliedsmjittich fêststeld. Foar Fryslân betsjut dat no dat der ASV-sykgebieten definiearre binne. De formele juridyske oanwizing fan de ASV’s is yn 2022/2023.

Om de kwaliteit fan it grûnwetter te garandearjen, wurde dy ASV-gebieten tsjin mynbou-aktiviteiten lykas gaswinning beskerme. It oanwizen fan ASV’s hat gjin ynfloed op oare aktiviteiten lykas lânbou. De Drinkwetterstrategy Fryslân 2050 is ûnderdiel fan it Regionaal Waterprogramma. Provinsjale Steaten behannelje dat programma ein dit jier.

Mear ynformaasje oer wetter yn Fryslân is te finen op: Grondwater in Fryslân