Algemeen

Wetterstof yn opkomst as enerzjyboarne

Bedriuwen yn Fryslân kinne – as it oan de provinsje Fryslân leit – mear fan griene wetterstof as enerzjyboarne yn harren bedriuwsprosessen gebrûk meitsje. Wetterstof kin as ferfanging foar ierdgas tsjinje en oan in duorsumer maatskippij bydrage. De provinsje wol de beskikberens fan wetterstof fergrutsje troch de komst fan tankpunten te stypjen en ôftakking út it lanlike wetterstofnetwurk mooglik te meitsjen. Enerzjydeputearre Sietske Poepjes makke dizze plannen hjoed bekend yn de Fryske Wetterstof Aginda.

Yn it provinsjale enerzjyprogramma binne wetterwaarmte en grien gas de wichtichste spearpunten. Boppedat binne der neffens Poepjes yn Fryslân kânsen foar suksesfolle tapassingen fan griene wetterstof. Lokaal kin it in oplossing wêze foar enerzjyproblemen dêr't oare enerzjyboarnen problematysk binne, bygelyks troch oerbelesting op it enerzjynet. It omsetten fan opwekke elektrisiteit dy't net brûkt wurde kin yn wetterstof soarget derfoar dat dizze elektrisiteit net ferlern giet, mar opslein wurdt en letter brûkt wurde kin.

 

Wetterstof is ek nijsgjirrich as brânstof foar swier ferfier, lykas binnenfeartskippen en frachtweinen. Wetterstof hat in grutter berik en tankt folle flugger as it opladen fan in batterij. Uteinlik binne der grutte mooglikheden foar Fryske bedriuwen om mei wetterstof ynnovative oplossingen te ûntwikkeljen en sa nije fertsjinmodellen te meitsjen. Dêr profitearret de Fryske ekonomy fan.

 

Fryslân stelt in kwartiermakker oan om gearwurkingsferbannen op te rjochtsjen. Dêrfoar sjocht de provinsje nei de buorlju, de provinsjes Grinslân en Drinte, mar ek nei it Dútske Nedersaksen. Troch dizze gearwurking hopet Poepjes mear wetterstofprojekten fan de grûn te krijen. De provinsje sil sels sjen hoe't se it gebrûk fan griene wetterstof makliker meitsje kin yn bygelyks iepenbier ferfier en by ynfrastrukturele wurken.