Algemeen

Ynfloed bloeizones Fryslân troch koroana ekstra wichtich

In sûne leefstyl en it gefoel fan earne by hearre draacht by oan it welwêzen en in goede wjerstân tsjin sykte. Om dy reden stimulearret de provinsje bloeizones yn Fryslân. Tidens in wurkbesite oan bloeizone 058 samen Sterk lei deputearre Douwe Hoogland de klam op it belang fan sûne leefstyl foar sawol it yndividu as de maatskippij. Bloeizones binne ynspirearre troch de mondiale Blue Zones wêr minsken âlder wurde en op in gesundere manier âlder wurde.

Koroana hat it belang fan in sûne leefstyl en ûnderinoar kontakt noch ris ekstra bleatlein. Mei mear oandacht foar it sûn iten en foldwaande bewege kinne syktes dyt relateert binnen oan leefstyl foarkomme en is de befolking minder kwetsber foar earnstige gefolgen fan virussen. De provinsje set yn har bestjoersakkoard lok op 1 foar alle Fryske boargers. Om't sûnens en ûnderdiel útmeitsje fan de mienskip dêrfoar beskiedend binne, ynvesteart de provinsje yn inisjatyven dy’t in sûne leefstyl stimulearje en de sosjale cohesie fersterkje.

Jerrel Ramdat fan it ynisjatyf 058 Samen Sterk wit mei syn oanpak grutte groepen ynwenners entûsjast te krijen om sûner te iten en mear te bewege. Troch koroana wie ek foar 058 Samen Sterk needsaak in soad aktiviteiten ôf te blaze. En dat krekt yn tiden fan in pandemy wêr as in sûne leefstyl ekstra wichtich is.

Deputearre Douwe Hoogland: “Jerrel Ramdat wit as gjin oar minsken te ynspirearjen om letterlik en figuerlik yn beweging te kommen en elkoar te moetsje. Dêrom is it sa wichtich om – no de koroanaregels mear tastean – wer mei elkoar te wurkjen oan harren sûnens en wolwêzen. Wy hoopje dat troch middel fan de bloeizone Fryslân ek oaren ynspireart reitsje troch it ferhaal fan Jerrel en de oare bloeizone inisjatyven yn us provinsje.”

Yn opdracht fan de provinsje Fryslân rjochtet Healthy Ageing Network Noord-Nederland him op it yn byld bringe fan saneamde bloeizones: ynspirearjende inisjatyven fanút de mienskip dy’t bydrage oan in sûne leefstyl en ûnderlinge ferbining. Fanút it bloeizone projekt kinne de ûnderfinings fan alle besteande bloeizones bydrage oan it suksek fan nije inisjatyven. Sa wurde ynwenners fan Noard-Nederlân, ûndernimmers, tinkers en beslissers mobiliseart om by te dragen oan in sûne en lokkiche regio.