Ondernemend

Echte Bakker van der Wal út Stiens hat de lekkerste Fryske dúmkes

Fryske dúmkes: In koekje mei karakter, tradysje en smaak. Bakkerij van der Wal hat meidien oan dizze smaaklike striid op 6 juny. 

De ferkiezing wie organisearre yn gearwurking mei de bakkerij oplieding fan it Firda kolleezje, Royal Koopmans en inisjatyfnimmer Reitse Spanninga. De jury foarsitter wie dizze dei Robèrt van Beckhoven. Tongersdei 12 juny wie de finale op it Firda kolleezje en dêr waard bekend makke dat Bakkerij van der Wal de titel wûn foar de lekkerste Fryske dúmkes. Ek dienen twa leerlingen mei fan bakkerij van der Wal, Alexandra en Ruben. 

Sy hawwe op dizze dei beide live dúmkes bakt en behellen by de studinten in prachtich twadde en tredde plak