Evenementen

Algemeen - De Sneinsjongers fiere it projekt 'Underweis' út

Adres
Locatie De Bining
Plaats Britsum
Land Nederland
Evenement informatie
vr 28 oktober t/m do 01 januari 1970
Categorieën Algemeen

Efkes de Sneinsjongers foarstelle: De Sneinsjongers binne in stel froulju en manlju dy’t mei in protte nocht 4-stemmich sjonge. Dat dogge wy al sa’n 20 jier. Meardere optredens hat dizze groep yn de rin fan de jierren útfierd. 

De Sneinsjongers bringe no wat bysûnders. It projekt “Underweis”. Underweis is in reis, troch de prachtige doarpen Jelsum en Koarnjum. It is in bysûndere kombinaasje fan bylden, ferhalen, sang, myzyk en téater dêr’t alle emoasjes fan it libben yn nei foarren komme. Humor, ûnnoazelheden, fertriet, wille en leafde komme foarby. Foar elts werkenning op har of syn wize. Underweis hat foar elkenien wer in oare betsjutting. Dat is krekt de djippere lading fan it wurd “Underweis”.                                                                                                                                     Nei ôfrin kinst noch gesellich neisitte yn doarpshûs De Bining.  Bist nijsgjirrich wurden en wolst it meimeitsje dan graach opjaan.

Freed 28 oktober en sneon 29 oktober 2022 is de útfiering yn De Bining te Koarnjum. Oanfang 20.00 oere.

Reservearje kin mei e-mail of tillefoan. Graach mei e-mail opjaan: namme, adres en tillefoannûmer,                                                                                                                                  - hokker dei en hoefolle kaarten. Emailadres: geertbeeksma@planet.nl   Tillefoannûmers: 058-2572025 of 058-2574668 

Lees meer »